Frijheidswyk
Appearance
Frijheidswyk | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Plak | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.550 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 59 ha | |
Oar | ||
Postkoade | 8923, 8924 | |
Koördinaten | 53° 13′ NB, 5° 49′ EL |
De Frijheidswyk is in wenwyk fan 64 hektare grut yn it noardeasten fan de stêd Ljouwert mei 3.550 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
In grut diel fan de wyk is sloopt en hat romte meitsje moatten foar nijbou/renovearring. Busline 8 ferbynt de Frijheidswyk mei it sintraal stasjon. De wyk waard boud yn de jierren 60 fan de 20e iuw, en waard ferparte yn twa buerten: Frijheidswyk-West en Frijheidswyk-East. In soad strjitnammen yn de wyk hawwe mei de Twadde Wrâldoarloch te krijen. Yn de wyk steane foar it meastepart rychjeshuzen.
Eartiids hiet de wyk "Lekkumerein". Mar it oansjen fan de wyk wie troch kriminaliteit ein jierren tachtich sa negatyf, dat de doedestiidske bestjoerders de namme feroare hawwe yn Frijheidswyk.
-
Huzen oan de Grinzerstrjitwei oan de súdkant fan de wyk
-
Fytskeunstwurk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |