Rengerspark

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lizzing Rengerspark

Rengerspark is in park yn Ljouwert, it is neamd nei Baron Rengers. It Alde Stedsbegraafplak grinzet oan it park.

Yn 1902 waard troch Mr. W.J. van Welderen Baron Rengers en syn frou C.T. Baronnesse van Welderen Rengers-Looxma in stik grûn oan de gemeente Ljouwert oanbean mei de bedoeling op dat terrein in kuiergebiet oan te lizzen. Dit oanbod waard troch de gemeente oannommen. Túnarsjitekt Hendrik Copijn makke yn 1904 it ûntwerp. Yn april 1906 waard it park fan 3 ha. oan de Spanjertsleane yn gebrûk nommen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]