Springe nei ynhâld

Aldehou (doarp)

Ut Wikipedy
It eardere doarp Aldehou

Aldehou wie in terpdoarp, dat mei Nijehou en Hoek yn 1435 Ljouwert waard. Yn datselde jier krige Ljouwert stedsrjochten. Yn 2007 wennen der 510 ynwenners.

In wanneling troch it "âlde" Ljouwert kin noch altyd makke wurde. Troch fan it Aldehoustertsjerkhôf ôf troch de Grutte Tsjerkestrjitte en de Grutte Heechstrjitte te rinnen. En dêrnei nei de Nijstêd te rinnen. Sa komt men oer de terpen Aldehou en Nijehou. Dizzen binne te sjen yn it stedsbyld fan dizze strjitten. De namme Nijstêd mei lykwols letterlik nomd wurde. Dit wie it plak dêr't de groei fan de stêd de "nije" stêd boud waard.

Neffens de folksferhalen siet op it strân fan de âlde Middelsee, op de terp Aldehou in âld wyfke rêstich te breidzjen. Ta har fernuvering kaam dêr op in stikje lân in toer oandriuwen. De frou fûn de toer moai en rôp "Ho âlde, ho." De toer lei oan. Sûnttiids stiet der yn Ljouwert de Aldehou. Sa kaam net allinnich de toer oan har namme, mar ek de terp dêr't de toer oanlein hie.

Omdat by de bou al bliken die dat de toer begûn te fersakjen hawwe de boumasters de toer opnij yn it lead setten en binne fierder bouwen gien. In skoft letter bliek de toer fierder fersakke en is wer opnij yn it lead setten. Hjirtroch stiet hjoeddeis de toer net allinnich skean, mar hat ek noch in kromming.

De toer stiet op it plak dêr't eartiids de Middelsee har kust hie. Faak wurdt dan ek tocht dat de toer in eardere fjoertoer wie. Dat is net wier. De toer wie de tsjerketoer fan de Sint-Fitustsjerke dy't yn de midsiuwen in pear meter njonken de toer stie. Dizze tsjerke is yn de midsiuwen troch stoarm ferwoaste. It Aldehoustertsjerkhôf is yn de jierren fyftich brûkt as boadeterrein en letter as parkearterrein. Net sa lang lyn hat de gemeente Ljouwert it Aldehoustertsjerkhôf opknapt. In de strjitfluorring is de âlde Sint-Fitustsjerke noch werom te sjen.

 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark