Transfaalwyk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Transfaalwyk

De Transfaalwyk is in wyk fan de stêd Ljouwert fan 1010 ynwenners. (CBS-wykyndieling, 2007). De wyk leit tusken de Mr. P.J. Troelstrawei, de Dammeleane en de Dokkumer Trekwei en wurdt yn it suden begrinze troch de stêdsgrêft.

De wyk waard boud tusken 1870 en 1940. Sfearfolle buert, men wennet der graach, de rânen fan de wyk hawwe in sterk aksint. In fearnspart fan de ynwenners is âlder as 65 jier, hegere ynkommensgroepen binne oerfertsjintwurdige. Dêrnjonken wurde keamerkes yn de lytsere húskes ferhiert oan studinten fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert en it CHN.

Yn de wyk binne te finen: it Rengerspark, swimbad, maneezje, bernebuorkerij, Joadske- en âlde gemeentlike begraafplak. Dêrneist is der in konsintraasje fan hegeskoalle-ûnderwiis (CHN en Noardlike Hegeskoalle Ljouwert). It foarnimmen is dit út te bouwen ta in saneamde Kenniskampus Ljouwert. Yn it Diakonessehûs wie eartiids in sikehûs.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]