Nijlân (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Plak fan Nijlân yn Ljouwert

Nijlân is in wyk yn de gemeente Ljouwert yn de stêd Ljouwert. De wyk leit yn it suden fan Ljouwert en wurdt begrinzge troch it spoar fan Swol nei Ljouwert yn it westen, de Julianaleane yn it noarden, de Oeriselskewei yn it easten, en it van Harinxmakanaal yn it suden. De wyk hat sa likernôch 2300 húshâldingen en sa'n 3800 ynwenners (2009). De wyk is boud yn de sechtiger jierren fan de 20e iuw.

De namme Nijlân komt fan it nije lân dat ûntstie troch it tichtslykjen en ôfsluten fan de Middelsee. Eastlik fan de wyk Nijlân leit de wenwyk Aldlân. Der binne twa skoallen yn Nijlân, it "Piter Jelles" en it "Friesland College".

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]