Nijlân-De Swette
Appearance
| Nijlân-De Swette | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Plak | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 3.875 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oerflak | 95 ha | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8912, 8914, 8931 | |
| Koördinaten | 53° 11′ NB, 5° 46′ EL | |
Nijlân-De Swette is in wyk oan de westkant fan de stêd Ljouwert en hat 3.875 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Troch it gebiet hinne streamt De Swette en it Van Harinxmakanaal,mei it Margaretha Zelle Akwadukt. De Heak om Ljouwert, as part fan de Rykswei 31, allyk de trije spoarlinen Ljouwert-Swol, Ljouwert-Harns en Ljouwert-Starum, rinne der trochhinne. Oan de súdkant fan de wyk leit knooppunt Werpsterhoeke
Yn 2018 waarden de wiken Nijlân en Bedriuweterrein-West gearfoege yn de wyk Nijlân-De Swette. Dy wyk bestiet út tsien buerten:
- Nijlân
- De Swette I-Harnzerfeart
- De Swette II-Swettehaven
- De Swette III-Skinkeskâns
- De Swette IV-Businesspark
- De Swette V-Newton
- De Swette VI-Deinumerpolder
- EnerzjyKampus Sylsterrak
- Bûtengebiet De Swette. De prûfpleats Dairy Campus is dêr fêstige.
- Bûtengebiet West
- Monumint foar Foekje Dillema
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |