Margaretha Zelle Akwadukt

Ut Wikipedy
Margaretha Zelle Akwadukt
bouwurk
lokaasje
Provinsje Fryslân
plak Ljouwert
bysûnderheden
boujier 2012-2014
oerbrêget N31
tunnelet ûnder Van Harinxmakanaal
oare ynformaasje
lingte 60 m.

It Margaretha Zelle Akwadukt is in akwadukt oan de westkant fan Ljouwert yn it ferlingde fan de Fahrenheitwei en de Johannes Brandsmawei. It Van Harinxmakanaal rint oer it akwadukt.

It bouwurk is ferneamd nei de yn Ljouwert berne dûnseres Margaretha Zelle, de wiere namme fan Mata Hari. It akwadukt waard op 18 december 2014 offisjeel iepensteld. De Swettebrêge wie sûnt de oanlis fan de Heak om Ljouwert (N31) en it akwadukt net mear yn gebrûk en waard dêrom yn 2016-17 sloopt.

Mozaiken yn de tunnel fan Frank Havermans en Karin van Pinxteren, 2015