Middelsee (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Middelsee
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Plak Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 120 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 181 ha
Oar
Postkoade 8912
Koördinaten 53° 11′ NB, 5° 47′ EL

Middelsee is in nij te bouwen stedsdiel yn it suden fan de stêd Ljouwert. De namme komt fan de eardere see-earm, de Middelsee, dy't yn de Midsiuwen by Ljouwert del rûn, en waard yn 2018 fêststeld[2].

Oan de eastkant stiet in pleats út 1908 dêr't it Frysk Lânboumuseum yn fêstige is.

Nijbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it plan foar de nije wyk moatte 2.800 nije wenten boud wurde[3]. De wyk wurdt begrinzge yn it noarden oan it Van Harinxmakanaal, yn it easten oan de Oeriselskeleane, yn it suden oan De Werp, dy't it gebiet wurdt om de nij te bouwen Stasjon Ljouwert-Werpsterhoeke wurdt, en yn it westen oan it spoar Ljouwert-Swol. Middelsee krijt, ta tsjinstelling fan de wyk De Súdlannen, dêr't de buerten fan in doarpsk karakter hawwe, in stedsk karakter.

Fase 1 fan it plan is it bouwen fan de twa buerten Havenstêd en Wetterstêd mei 750 wenten, dy't op de Fryske stêden lykje moatte. Havenstêd komt oan it Van Harinxmakanaal om in nij oan te lizzen haven te lizzen. De buert sil bestean út apparteminteblokken dy't op pakhuzen lykje moatte. Ek komt der njonken wenten ek romte foar hoareka, winkels en detailhannel. Yn Wetterstêd komme huzeblokken mei grêften en singels, en wurdt der romte makke foar wenskippen en oar wenjen oan it wetter. Ek komt dêr plak foar wuinkels en hoareka.

Fan ein 2020 ôf waard úteinset mei it bouwen fan de earste huzen.

Dêrnei wurdt it gebiet fierder ûntwikkele. Yntinsive bebouwing komt yn Havenstêd, Wetterstêd, by de Oeriselskeleane del en Werpsterhoeke. De rêst wurdt ynfold mei bebouwing, in soad griene romte en wurdt der ek omtinken jûn oan de argeologyske wearden yn it gebiet.

In moasje fan de PvdA om njonken keap- en frije merk-hierwenten ek sosjale wentebou te meitsjen hat it net helle[4].

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark