Springe nei ynhâld

Hollanderwyk

Ut Wikipedy
Kaart fan de Hollanderwyk
Monumint foar de twillingsusters Betje en Roosje Cohen

De Hollanderwyk is in buert yn de wyk Huzum-West yn Ljouwert dy't sûnt 2002 ryksmonumint is en sûnt 2007 beskerme stedsgesicht. It ryksmonumint omfettet de wenten en boublokken; it beskerme stedsgesicht giet om de direkte omkriten dêrfan. Arsjitekt fan de wyk wie W.C. de Groot.

Om it jier 1000 hinne waard de Middelsee omjûn troch diken (ûnder oare oer de Skrâns) en yn de 13e iuw waard lân oanwûn troch legere dykjes op te smiten. Ien fan dy dykjes wie it Hollanderdykje. Oan dy dyk kaam om 1900 hinne bebouwing. Sûnt de yndustrialisaasje wie der it lûken fan it plattelân nei de stêd. Om dy bewenners te foarsjen fan bettere libbensomstannichheden waard Wenningbouferiening Ljouwert oprjochte yn 1905. Arsjitekt fan de feriening, W.C. de Groot, makke yn 1913 in earste ûntwerp foar it terrein by it spoar del en oan de Hollanderdyk. Doe't hy yn 1914 mei in ûntwerp kaam dêr't it strjitteplan boartlik trochsnien yn waard troch in slingerjende strjitte, waard it plan oannommen. Yn 1915 waard de Hollanderwyk oplevere.

Yn de jierren '80 waarden oan de efterkant fan de wenten keukens en bergings oanboud. Teffens waarden de wenten oan de Hollanderhof en de Simon de Vliegerstrjitte sloopt en ferfongen troch nijbou. Ek waarden der ferkearsmaatregels troffen troch de wyk ta wenhiem te bestimpeljen. De Wijnhornsterstrjitte waard dêrmei ôfsluten foar it ferkear, yn de Hollanderstrjitte waarden ferkearsdrompels oanlein en op de Hollanderdyk ferskynden weifersmellings.

As earbetoan oan arsjitekt W.C. de Groot hat byldzjend keunstner en wykbewenner Walter Baas in keunstwurk makke. By de ûntbleating dêrfan waard it plein dêr't it wurk oan stiet omdoopt ta W.C. de Grootplein.

By it ynkommen fan de wyk fan de Skrâns ôf stie in brûnzen byld fan de joadske keapfrou Betje Cohen, makke troch keunstneresse Karianne Krabbendam. It byld hat letter in oar plak krigen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark