Springe nei ynhâld

Skinkeskâns

Ut Wikipedy
De buert Swette-Skinkeskâns yn Ljouwert (stêd).

Skinkeskâns wie in buorskip oan de Harnzer Trekfeart en De Swette. It lei diels ûnder Deinum, diels ûnder Ljouwert. Der siet in stienfabryk, in houtseagerij en oare yndustry. Letter is der in dwinger komd. Hjoed-de-dei is it bekend as yndustrypark De Swette III-Skinkeskâns.

Njoggentjinde-iuwske kaarten jouwe de namme foar de bebouwing om it plak dêr't de Swette yn de farwei fan Ljouwert nei Ritsumasyl útkomt. De kaart fan 1700 jout hjir Schenkeschans. De namme dûkt foar it earst op yn 1638 as Schenke Schans as in gongberder namme nei foaren komt as Swettehorne (wat oars net op itselde plak leit). It soe hjir om in ferneamingsnamme gean nei de festing Schenkenschans by de skieding fan Maas en Waal dy't yn 1636 troch Freark Hindrik op de Spanjerts werovere wie en dêrtroch bekend wurden wie. Van der Aa (1840) skriuwt lykwols dat de namme ûntliend is oan Georg Schenk fan Toutenburch († 1540), steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte, dy't foar dit plak oer it slot Toutenburch bewenne hawwe soe. Dat is lykwols in misferstân, want in hûs mei dy namme waard troch him yn 1532 yn Ryptsjerk boud.

Skinkeskâns waard it earste yndustryterrein fan de stêd Ljouwert. It waard part fan Bedriuweterrein-West as De Swette III-Skinkeskâns en sûnt 2018 is it part fan de wyk Nijlân-De Swette.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark