Deinum

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Deinum
Map NL Menameradiel Deinum.png
Sifers
Ynwennertal 1.055 (2021) [1]
Oerflak 4,73 km², wêrfan:
lân: 4,51 km²
wetter: 1,46 km²
Befolkingstichtens 223 ynw. / km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Flagge fan de Waadhoeke.PNG De Waadhoeke
Oar
Koördinaten 53° 11' NB, 5° 43' EL
Webside Side Deinum

Deinum is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke, 4 km wêst fan Ljouwert oan it Van Harinxmakanaal. It doarp is ûntstien op in terp oan 'e Middelsee, dy't foar it grutste part ôfgroeven is. Net fier fan Deinum ôf leit de A 31 fan Ljouwert nei Harns.

It súdlike diel fan de buorskip Ritsumasyl falt ûnder it doarpsgebiet fan Deinum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sicht op de terp mei de tsjerke

Om it âlde doarp rint de ringdyk Sint Janswei, dy't eartiids it doarp beskerme tsjin it wetter fan de Middelsee. Oant yn de 19e iuw lei it doarp oan de Harnzer Feart en der wennen ek noch minsken oer de feart. Mei de komst fan it Van Harinxmakanaal noardlik fan it doarp en it spoar sudlik fan it doarp waarden de huzen súdeastliker boud, tichter by it stasjon. Deinum hat noch altiten in eigen treinstasjon oan it spoar fan Harns nei Ljouwert. De terp is noch werom te finen yn it strjittepatroan, mar leit no oan de noardwestkant fan it doarp.

Earder hie Deinum in gersdroegerij, in fleisbedriuw en in molkfabryk. Yn 2002 is ek de bank ferdwûn.

Mei it ûnstean fan de nije gemeente De Waadhoeke waard ûnder de bewenners fan de fiif meast westlik lizzende plakken Blessum, Boksum, Deinum, Marsum en Ritsumasyl troch de 'Wurkgroep Grinskorreksje' in ûndersyk útfierd mei de fraach oft hja by it ûnstean fan de nije fúzjegemeente net leaver nei it tichtebylizzende Ljouwert wolle. In mearderheid fan 83,7% fan de respondinten joech oan dat hja yn de gemeente De Waadhoeke bliuwe wolle.[2]

Mei it útbaggerjen fan it Boksumer Soal binne der yn 2019 tusken de doarpen Ritsumasyl, Boksum en Deinum ferbetterings oanbrocht foar it rekreative skipferkear.

Bouwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Sint-Janstsjerke (Deinum).
Deinumer tsjerke

It âldste gebou fan Deinum is de 13-iuwske Jehannes de Dopertsjerke of Sint-Janstsjerke. Dat de toer eartiids as fjoertoer brûkt waard is net wier. Mei de bou fan dy toer is earst yn 1550 útein set, doe't it Bilt al in heale iuw droech wie en earst yn 1595 wie it wurk ree. De sipel is yn 1589 op 'e toer kaam. Krekt 400 jier letter, yn de simmer fan 1989, moast de oarspronklike sipel ferfongen wurde troch in nijenien, omdat er oanfretten wie troch de bûnte knjifkrobbe (Xestobium rufovillosum). Der is ek in ferske fan 'e tsjerke mei as titel: Yn Deinum stiet in sipel op 'e toer.

Yn de toer hinget in liedklok út 1544 dy't getten waard troch Johannes ter Steghe út Kampen. De Deinumer klok wie yn de Twadde Wrâldkriich foardere, maar waard nei de oarloch werom fûn op in skip yn in Dútske haven.[3] Oant 1740 hat der noch in twadde klok west, dy't yn 1617 getten waard troch Hans Falck fan Neurenberch. De Stifting ta Behâld fan Monuminten yn de gemeente Menaldumadiel joech opdracht om yn 2017 foar it lege plak yn de klokkestoel in twadde klok te jitten.[4] Nei it ophingjen fan de klok dy lykwols bliken dat it muorrewurk te lijen hie fan it lieden fan de klokken.

Doe't der yn 2000 in nij stek om de tsjerke komme moast ûntstie de aksje Gek op it stek en it inisjatyf Fjoer op de toer set de toer jûns yn it ljocht.

De sipel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sipel fan Ids Willemsma

De sipel op de toer is der nei alle gedachten op set om Deinum te ûnderskieden fan oare doarpen. De sipel hat de ynwenners ek harren bynamme fan Sipelgekken jûn. It jierlikse reiske, de iisclub, de pleatslike hamburger en sportaktiviteiten brûke de namme Sipel allegear. Troch it Deinumer kabaret is ek in 'Sipelrap' makke.

Ek hat it doarp in keunstwurk fan Ids Willemsma dat de namme 'De Sipel' draacht, dat it doarp yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan Doarpsbelang skonken waard. It keunstwurk stie oant de simmer fan 2018 op de hoeke Sint-Janswei/Spoarstrjitte, mar om't de omwenners net tsjin de "roestbult" oan sjen woene en ûntdutsen dat it sûnder fergunning wie delset, is it keunstwurk letter ferhûze nei in lokaasje by de yngong fan it doarp.[5] [6]

Wynmotor[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Westlik fan it doarp stiet Heechhiem, in yn 1936 boude Amerikaanske wynmotor dy't yn 2002-2004 hielendal restaurearre is.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deinum wurket in soad gear mei de oanbuorjende doarpen Blessum en Boksum en de ûnder Deinum fallende buorskip Ritsumasyl. De plakken hawwe in mienskiplike doarpskrante Klaver Trije.[7]

It doarp hat in Feriening fan Doarpsbelang, dy 't aktiviteiten foar jong en âld organisearret. Sûnt 1985 hat Deinum de 'Wurkgroep Deinum Doe en No', dy't him dwaande hâldt mei de skiednis fan it doarp.

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Basisskoalle 'Twaspan'

It doarp hie earder twa basisskoallen: 'De Rank' en 'Master Camminga'. Sûnt augustus 2013 foarmje dy de gearwurkingsskoalle 'Twaspan'. Ek is der in pjutteboartersplak, 'Hummelhonk'.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei Boksum en Blessum foarmet it doarp de PKN-gemeente Terpoarte.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sportfjilden 'De Fjouwer'
  • Sportferiening Deinum (op 1 july 2016 ûntstien troch it gearfoegjen fan keatsferiening De Trije Doarpen, gymnastykferiening Sport & Spel, Fuotbalferiening Sparta '59 en kuorbalferiening Troch de Koer)
  • Toulûkferiening
  • It Sipeltsje - iisclub
  • Deinum e.o. - folksdûnsjen
  • Advendo - muzykferiening
  • It Klaverblêd - Frysk Selskip
  • Nocht en Wille - toaniel
Sint-Janswei

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2021
Ynwenners 706 656 618 594 603 970 1000 1055

Berne yn Deinum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende Deinumer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aldeleane, Bûterhoeke, De Eker, De Gersdroegerij, De Harke, De Seine, De Strikel, De Swylder, Feytsmahof, Heechhiemsreed, Heechpaad, It Harspit, It Holt, It Swee, Ljochtewei, Marssumerdyk, Mennerdahof, Pypsterhof, Ritsumasyl, Sint Janswei, Sjouke de Zeestrjitte, Skoallestrjitte, Spoarstrjitte, Sportleane, Trekwei, Tsjerkepaad.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: