Oldegalileën/Blommebuert

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lizzing Oldegalileën/Blommebuert yn Ljouwert

Oldegalileën is de namme fan in wenwyk yn it noardeasten fan de stêd Ljouwert. De wyk wurdt oan de westside begrinze troch it wetter fan de Dokkumer Ie en oan de eastside troch de Blommebuert. De namme fan dizze âlde folkswyk is ôflaat fan it kleaster "Galilea", dat om 1472 boud waard oan de Dokkumer Ie. De âldste en langste strjitte yn de wyk hjit ek Oldegalileën. Yn de beide wiken wenje meiïnoar 3400 minsken.

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyk is bekend om it noch besteande kompleks fan 124 arbeiderswenningen "Eigen Brood Bovenal", wat tusken 1862 en 1904 yn trije fazes boud is en as de earste sosjale wenningbou fan Ljouwert oanmerkt wurde kin. Ek bekend is: Kafee Blauwhuis, it âldste noch besteande kafee fan Ljouwert, de nôtpakhuzen "Rusland" (yn 1981 troch brân ferwoaste en ferfongen troch nijbou), houtseachmole De Fisker (yn 1964 ôfbaarnd), de bôlefabriken Excelsior (ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou) en De Zelfstandigheid (kompleks is no yn gebrûk as buerthûs).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: