Springe nei ynhâld

Kleaster Galilea

Ut Wikipedy
Kop-hals-romppleats 'Frouljukleaster Galilea'

Galilea of Frouljuskleaster is in streekje yn de oan de Fryske Strjitwei besuden Boerum, tusken de buorskip Skarnehuzen en de Gerkesbrêge by Fiskflyt.

Frouljukleaster Galilea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Galilea (yn de 19e iuw ek 'Galileën' of 'Oliifberch' neamd) ferwiist nei it eardere Sistersjenzer nonnekleaster dat hjir stie tusken de 13e en de 16e iuw. It waard grif earne yn de 13e iuw stifte troch it kleaster Jeruzalim út Gerkeskleaster. As fermoedlik stichtingsjier wurdt faak ±1249 neamd, mar omdat it kleaster pas yn 1326 foar it earst neamd wurdt yn in kleasterlist neame Mol et al. (1990)[1] dit jiertal 'nearne op basearre' en tinke dat it kleaster letter stifte wêze moat, mar wol foar 1300. Neffens Andreae waard it kleaster al yn 1302 neamd. Neffens Van der Aa waard it kleaster stifte troch in rike man út Stynsgea mei de namme Bruno. Yn it kleaster wennen gewoane nonnen.

De earste geastlike fan it kleaster dy't yn de oarkunden neamd wurdt wie Hear Harcko, dy't prior wie yn 1480, it jier dat hy ek pastoar fan Kollum waard. Yn 1479 waarden de besittings fan Jeruzalim en Galilea, dy't oant dan in ienheid wiene, fan elkoar skieden, wêrby't Galilea 720 pûnsmiet lân krige.

Neffens in ferhaal kaam yn 1496, yn de tiid fan de Skieringers en Fetkeapers, in groep Grinslanners, dy't ûnderweis wienen nei it belis fan Harns, lâns it kleaster en stoppe dêr om bier te drinken. It bier smakke lykwols net en in feint fan it kleaster waard der by roppen en krige bier nei him ta smiten. De opljeppende feint smiet bier werom. De Grinslanners draafden dêrnei efter him oan en sloegen him dea foar it alter fan de kleastertsjerke. Neffens de Fryske skiedskriuwer Christianus Schotanus moasten de Grinslanners, omdat se moardners dêrnei net foar it rjocht dagen, dat djoer betelje; Se hienen 'hiernae geen voorspoed meer in Westerlauwers' (Fryslân). Yn 1517 krige it kleaster in frijbrief fan Karel de Grutte, dêryn beloofde dy dat it kleaster en syn eigendommen gewurde litten wurde soenen troch syn soldaten.

Yn 1543 hie it kleaster ûnder oare eigendommen by Waaksens en yn 1571 'huyssteden' yn Boerum, dêr't neffens Andreae grif ek de úthôf bewesten it tsjerkhôf ta heard hawwe sil.

Yn 1580 fielden de kleasterlingen har twongen te flechtsjen nei it refugium by it lettere Aduardergasthûs yn Grins. Yn april 1580 joegen de protestantske Steaten fan Fryslân opdracht de kleasters Jeruzalim en Galilea mei tabehear publyklik te ferkeapjen. Fan de kleastergebouwen waarden dêrnei ûnder oare it 'syeck-huys' (sikeseal), 'portiershuys' en de 'nyeuwe zael' ôfbrutsen, folge troch de rest fan de gebouwen yn 1585, ta fersterking fan de skâns by Muntsjesyl. De stiennen waarden mei hynder en wein nei de Gerkesbrêge riden en dêrwei per skip ferfearn nei Muntsjesyl. Nei de sloop waarden de kleasterlannen ûnderferdield yn 24 sates en ferkocht; yn 1624 waard in diel yn de hearlikheid Fiskflyt ferkocht en yn 1637, by de ferkeap fan de hearlikheid oan Grinslân de rest fan de besittings oan Grinslân. De lannen yn Fryslân waarden yn 1639, 1640, 1641 en 1644 ferkocht. In grut part fan it besit kaam dêrby yn hannen fan Sjouck fan Fogelsangh fan de famylje Donia. Benoarden it kleaster waard in pleats boud. De hjoeddeiske kop-hals-romppleats 'Vrouwenklooster Galilea' (Fryskestrjitwei 1-3) is fan ûngefear 1905 en hat in lang foarhûs.[2] It kleaster stie derefter.

Neffens Van der Aa wienen yn syn tiid (midden 19e iuw) op dat plak noch 'eenige aanmerkelijke hoogten en duidelijke sporen of overblijfselen van grachten' te sjen. Guon soene destiids tocht hawwe dat in twadde oangrinzjende pleats der ek by hearde.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kuipers, H. & H. Offeringa (1979) - De Heerlijkheid Visvliet haadstik Het nonnenklooster Galilea (Vrouwenklooster). Swol, Upmeyer. side 28-31.

  1. Een historisch-geografisch onderzoek voor de landinrichting|auteur=Mol, J.A., P.N. Noomen & J.H.P. van der Vaart|jaar=1990|útjouwer=FRYSKE AKADEMY|siden=side 35
  2. (Boerum) (gemeente Kollumerland en Nieuw Kruisland)|wurk=Monuminten yn Nederlân. Fryslân|auteur=Ronald Stenvert et al.|útjouwer=Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders Utjouwers|jier=2000
  3. der Aa