Kleaster Jeruzalim (Gerkeskleaster)
(Trochferwiisd fan Jeruzalim (Gerkeskleaster))

Kleaster Jeruzalim is de namme fan in kleaster dat 1240 fan muontsen út kleaster Klaarkamp yn it Gerkeskleaster fan no stichte waard. It kleaster waard njoggen jier letter yn 1249 opnaam yn de Sistersjenzer oarder. It kleaster waard boud fanwege grutgrûnbesitter Gerke Harkema fan Twizel. Sadwaande waard it yn de praktyk ek Gerke's Kleaster neamd. It kleaster waard 1580, útsein de brouwerij, ôfbrutsen.