Springe nei ynhâld

Sistersjinzers

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sistersjenzers)
Wapen fan de kleasteroarder
De stifters fan Cîteaux: Robert fan Molesme, Sint Alberik, en Stefan Harding
Abdij fan Cîteaux

De kleasteroarder fan Sistersjinzers, Bernardinen is oprjochte yn it Frânske Cîteaux yn 1098 troch Robert fan Molesme. De muontsen hiene wite klean, mar harren konversen wienen skier klaaid. Om't de konversen folle mear kontakt mei bûtensteanders hienen as de mûntsen krige de oarder sa ek de namme fan Skiere Mûntsen. Yn de partijtiid waard sa de partij yn Fryslân dy't anneks wie mei de Bernardinen ta de "Skieringers".

De oanlieding ta it stichtsjen fan de nije kleasteroarder wie de ferflakking yn de neifolging fan de Regel fan Benediktus yn de Frânske benediktinekleasters, benammen yn de Abdij fan Cluny. Nei de Latynske namme foar Citeaux - Cistercium - waarden dizze kleasterlingen sistersjinzers neamd, de Saint ordre de Cîteaux ('Hillige oarder fan Citeaux').

Ien fan de dochterkleasters fan Cîteaux wie Clairvaux, dêr't yn 1115 in jonge Boergondyske ealman, Bernardus fan Fontaines, dy't trije jier dêrfoar mei in groep jonge famyljeleden yntreden wie, ta abt keazen waard. As Bernard fan Clairvaux waard hy in foaroansteand geastlike. De sistersjinzers wurde dan ek wol bernardinen neamd, en de sistersjinzerinnen bernardinessen.

By de dea fan Bernard fan Clairvaux yn 1153 telde de oarder al mear as 300 kleasters, meastentiids yn ûnherberchsume streken, dêr't men libbe ûnder grutte ûntbearings. Dy geweldige ekspânsje sluet ek in begjin fan ferfal yn him en nei 1300 kaam in drege tiid. De froulju namen lykwols de fakkel oer en de 13e iuw wwaard de Gouden Iuw fan de monialen (= froulike oarderleden).

De sistersjinzerinne-abdij fan Herkenrode wie de earste en mei de tiid de grutste foar froulike sistersjinzers. Wylst yn harren kleasters it ynderlik libben en de mystyk bloeiden, kamen de manljusabdijen ta rykdom, benammen besteande út grûneigendom troch lânûntginning. Muontsen fan de Abdij Us Leaffrou Ten Duinen yn Koksijde en de Abdij fan Boudelo yn Klein-Sinaai hawwe bygelyks grutte dielen fan it Lân fan Hulst yn Siuwsk-Flaanderen ynpoldere. Yn Rotselaar stie de abdij Vrouwenpark, dêr't ûnder oare de Béatrysleginde him ôfspilet.

Oan de ein fan de 12e iuw waarden de earste sistersjinzerkleasters yn Nederlân stifte. Troch de oarder waard yn Fryslân yn 1165 fan Clairvaux en de Abdij fan Riddagshausen út as earste it Kleaster Klaarkamp by Rinsumageast stifte.

De prealsucht naam, doe't de ekonomy yn West-Europa opbloeide, hieltiten gruttere foarmen oan (sjoch ek Habyt fan sistersjinzerinnen). Omdat Jezus, neffens Matteüs 10:9, oer frijwillige earmoede fan syn apostels sprutsen hie, ûntstie tsjin dizze tastân protest dat liede ta de stifting fan herfoarmingsbewegingen binnen de oarder. Dizze rjochten har ûnder oare tsjin it ferskynsel, dat ynstee fan keazen abten saneamde 'commendataire abten' oan it haad fan it kleaster kamen. Sokke abten wienen persoanen dy't de abdij kocht hienen en dy't men eins nea seach yn it kleaster. Dat late ta geastlik ferfal, bygelyks omdat troch de ôfwêzigens fan in abt de regeltucht in soad te winskjen oerliet.

Ofskieden fan de sistersjinzers binne de trappisten - se libje neffens de strangere regel, de saneamde strikte observânsje, en foarmje in selsstannige oarder. Ek yn de sistersjinzer oarder kaam it sa stadichoan wer ta in stranger libben en in útwurke spiritualiteit. De beneaming trappisten is ôflieden fan it Frânske kleaster La Trappe dêr't abt Armand Jean le Bouthillier de Rancé yn 1664 strange regels ynstelde dy't op oare plakken neifolging krigen. Yn 1892 is foar de lêste kear besocht om sistersjinzers en trappisten wer yn ien oarder te ferienjen, mar om 'e nocht. In de Lege Lannen hawwe de trappisten de sistersjinzers benefterlitten. Neist fiif trappistenkleasters (Berkel-Enschot, Sundert, Diepenveen, Echt en Tegelen) is der yn Nederlân mar ien sistersjinzerabdij, abdij Mariënkroon yn Nieuwkuijk. Frij bekend is ek de Belgyske trappisten-abdij fan Westmalle.

Kleasters yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]