Rinsumageast

Ut Wikipedy
Rinsumageast
Aleksandertsjerke
Aleksandertsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
Sifers
Ynwennertal 1.110 (1 jannewaris 2022)[1]
Oerflak 16,45 km², wêrfan:
- lân: 15,72 km²
- wetter: 0,73 km²
Befolkingsticht. 70,61 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 17' N 5° 56' E
Doarpsgebiet Rinsumageast (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Doarpsgebiet Rinsumageast (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Offisjele webside
Side Rinsumageast
Kaart
Rinsumageast (Fryslân)
Rinsumageast

Rinsumageast (pleatslik ek: De Geast) is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Rinsumageast leit noardeastlik fan Readtsjerk, eastlik fan Burdaard, westlik fan Damwâld en besuden Sibrandahûs. Rinsumageast hat 640 (1 jannewaris 2022) [2] ynwenners. De doarpskearn fan Rinsumageast leit rûn de krúsing fan de Baron van Sytzamawei, Tjaerdawei, Rjochthússtrjitte, Van Aylvawei, Tsjerkestrjitte en Thomas Sjolles Siniawei.

Ek it buorskip Stiennen Daam heart ek by Rinsumageast.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tjaardastate (Jacob Stellingwerf, 1723)

Rinsumageast stie eartiids as Ringesheim bekend, neamd nei in âld wetter de Moark dat troch it doarp rûn. De namme komt fan it Alddryske "hring", dat in slingerjend wetterke betsjut. It is in âld doarp.

Fan it eartiidske Kleaster Klaarkamp tsjûget hjoed-de-dei it Clearcampster Bitterke noch fan. Om 1165 hinne waard op de terp Ringesheim it Sistersjinzer kleaster Klaarkamp stifte. Mei de ynfiering fan de reformaasje waard it kleaster yn 1580 opheft. De besittings ferfoelen oan de Steaten fan Fryslân. De terp dêr't Klaarkamp op stie waard tusken 1858 en 1941 ôfgroeven, de grûn waard ferkocht.

Ea stienen der fjouwer stinzen yn 'e omkriten fan 'e Geast, mar dy stinzen binne tsjintwurdich allegear ferdwûn. De Juwsmastate waard troch Ljouwerters en de buorman fan de Tjaarda State ferwoaste. De Melkemastate dêr't de Aylva's wennen, is it earst sloopt. De Eysingastate is yn 1805 nei in brân ôfbrutsen. En Tjaardastate dêr't Schelte fan Tjaarda wenne, is sloopt yn 1834.

Rinsumageast hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein. Foar 1881 wie Rinsumageast it haadplak fan de gritenij Dantumadiel.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aleksandertsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Aleksandertsjerke (Rinsumageast).

It âldste diel fan de romaanske Aleksandertsjerke fan Rinsumageast is 11e iuwsk. Yn de 13e iuw is de tsjerke fergrutte troch de oanbou fan in let-goatyske sydbeuk oan de súdkant fan de tsjerke. Under it koar sit in foar Noard-Nederlân seldsume krypte ûnder de grûn. De toer hat as bekroaning in saneamd sealtek. Om de tsjerke lizze in tal aadlike grêven, mei "napkestiennen". Dat binne balstiennen mei rûne boargatten, dêr't nei alle gedachten yn de heidenske tiden en temûk ek noch wol nei't de minsken harren dope lieten fruchtberheidoffers foar heidenske goaden yn treaun waarden. It boargrús dat by it boarjen fan de gatten ûntstie waard neffens sizzen troch froulju opiten sadat hja earder bern krigen. It stee soe eartiids in wichtich heidensk kultusplak west hawwe kinne.

Rjochthûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rjochthûs

Foar 1880 wie Rinsumageest it haadplak fan Dantumadiel en de grytmannen kamen gear yn it rjochthûs "Het Wapen van Dantumadeel". Yn it eardere rjochthûs fan Rinsumageast sit tsjintwurdich in restaurant. Rinsumageast hat altiten oansjen hân troch de aadlike Tjaarda's, de Juckema's (of Juwsma's), de Eijsinga's en de Aylva's mei harren states.

Mûnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klaarkampstermûne
De Wikipedy hat ek in side Klaarkampstermûne.
De Wikipedy hat ek in side Wynmotor Rinsumageast.

Tichteby De Geast stiet de Klaarkampstermole, in poldermole, dy't oarspronklik út 1862 datearret.
Oan de noardrâne fan it doarp stiet in Amerikaanske wynmotor út de jierren 1920.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tegearre mei Sibrandahûs, hat it doarp in feriening foar Doarpsbelang, dy't syn gearkomsten yn Doarpshûs De Beyer hat. Op de iere moarn fan 5 oktober 2007 is dat doarpshûs ôfbaarnd. Yn 2010 waard it nije multyfunksjoneelsintrum De Beyer iepene, dêr't ek de basisskoalle en it pjutteboartersplak yn ûnderbrocht binne.[3]

De doarpsfeesten wurde meast yn juny hâlden.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eardere grifformearde tsjerke
  • De Aleksandertsjerke is de tsjerke fan de PKN-gemeente Claerkamp. Ek Sibrandahûs falt ûnder dy gemeente.[4]
  • De grifformearde tsjerke fan Rinsumageast waard yn it ramt fan de fúzje fan beide grutte protestantske tsjerken yn 2010 sletten en is tsjintwurdich in Bêd- en Brochje-adres. It Steendam-oargel út 1993 ferhûze yn dat jier nei de Hersteld Herfoarme tsjerke fan Kesteren.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fûgelwacht Rinsumageast/Sibrandahûs
  • Angelferiening HSV Kûtsjitters
  • Damklub Rinsumageast
  • Fuotbalferiening VCR
  • Keatsferiening Dreech Genôch
  • Kouorbalferiening Nij Quick Libben
  • Muzykferiening Soli Deo Gloria
  • Kr. Oranjeferiening [5]

Bynamme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bynamme foar ynwenners fan Rinsumageast is 'Hûnewippers'. Dy skelnamme komt fan it hûnegoaien, dat earder organisearre waard op de merke fan it doarp. Op de earste freed fan septimber wie der hynstemerk en de oare deis merke. De nije bewenners yn Rinsumageast moasten dy sneon mei bleate holle ûnder de flagge trochrinne, dy't trijeris oer har hinne swaaid waard. Se wienen dan ynwijd en opnomd yn de doarpsmienskip. Der moast dan noch wol in 'foai' jûn wurde, dy't letter yn de herberch yn in sûperij omset waard. Oan it ein kaam dan it "hûnewippen" op de brêge. Nei't der ien of mear hûnen fongen waarden, stiene in pear manlju klear mei in koarde, dy't hja slop hingje lieten. Yn 'e midden waard de hûn dêrop setten, wêrnei't it tou mei krêft oanlutsen waard. Sa waard de hûn oer de feart yn 'e midden fan it doarp hinne gisele. Manlju stienen dan ree om de hûn te heinen, mar as soks mislearre foel de hûn op de stiennen. Sûnt 1880 wurdt soks fanwegen de wredens net mear mei libbene bisten dien.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2015 2020
Ynwenners 1.378 1.304 1.193 984 995 990 1.130 1.120

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Juckemawei
Oarlochsmonumint
  • Aldewei -
  • Baron Van Sytzamawei -
  • Camstrastrjitte -
  • D.K. Boersmastrjitte -
  • De Fintsjes -
  • De Kapelle -
  • Dr. Ype Poortingawei - neamd nei de skriuwer Ype Poortinga
  • Eysingawei -
  • Fjildwei -
  • Fliet -
  • Galgeheech -
  • Heechfinne -
  • Juckemawei -
  • Klaarkampsterwei - kleaster Klaarkamp
  • Kolkhuzerwei -
  • Kûperspaad -
  • Lauwersseewei - rint rjochting de Lauwerssee
  • Master Frenkelstrjitte -
  • Melkemawei - neam nei Melkema State
  • Reidfjild -
  • Rjochthússtrjitte -
  • Skoallestrjitte -
  • Stiennendaamsterdyk -
  • Stinzepaad -
  • Thomas Sjolles Siniawei - Eartiids Heaerestrjitte, noch te werlieden oan de steatlike hearehuzen. Yn 1952 neamd nei Thomas Sjolles Sinia
  • Tjaerdawei - wei nei Tjaarda State
  • Trekwei -
  • Tsjerkestrjitte -
  • Tuskendammen -
  • Tuskenlytsen -
  • Tuskenmarren -
  • Van Aylvawei -
  • Van Burmaniastrjitte -
  • Wierewei -
  • Witewei -
  • Worp van der Geeststrjitte - Worp van der Geest is in oare namme foar Worp fan Thabor.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ed Zietsma - De Adel van Rinsumageest, ISBN/EAN: 9789492052797
  • Erwin Boers - Klaarkamp, middeleeuws klooster bij Rinsumageast

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Dantumadiel
Flagge fan de gemeente Dantumadiel
Haadplak: Damwâld
Doarpen en útbuorrens: BroeksterwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part) • RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld
Eardere doarpen: DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld