Springe nei ynhâld

Hûnewipperrock

Ut Wikipedy
Hûnewipperrock
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Rinsumageast
datum 1e sneon yn septimber
bysûnderheden
soarte evenemint muzykfestival
sjenre popmuzyk
bestean 2011 – no
org. troch Stifting Hûnewipperrock

Hûnewipperrock (de offisjele namme is Frysktalich) is in muzykfestival dat elts jier holden wurdt yn it Fryske doarp Rinsumageast. De namme is ûntliend oan 'e tradisjonele skelnamme foar ynwenners fan Rinsumageast, 'hûnewippers'. Neffens it ferhaal giet dy skelnamme werom op 'e gewoante dy't yn earder tiden op 'e merke yn it doarp bestie, om by wize fan folksfermaak hûnen oan in tou oer de brêge te slingerjen, wêrby't oan 'e oare kant mannen opsteld stiene dy't de bisten dan opfange moasten.

Hûnewipperrock begûn yn 2011 as in út 'e hân rûn jierdeisfeest yn in partikuliere tún yn 'e buorren fan it doarp, dêr't sa'n 250 lju op ôf kamen. Yn 'e folgjende jierren woeks it evenemint út ta in wier muzykfestival, dat fergees tagonklik wie en dêr't ek foar it drinken net betelle hoegde te wurden. Fan 2012 ôf waard it holden yn in feesttinte dy't opboud wie yn in greide fuort bûten Rinsumageast. It besikerstal waard dat jiers ferdûbele ta 500 en bleau de folgjende jierren likernôch itselde. Yn 2016 berikte it festival foarearst in hichtepunt doe't der sels in camping tafoege wurde moast om alle besikers in sliepplak foar de nacht te jaan. Doe ûntstie yn Rinsumageast sa njonkelytsen it besef dat it net mear om in 'gewoan' feestje gie.

Yn 2017 die Hûnewipperrock in stap tebek doe't it evenemint net mear yn in tinte organisearre waard, mar yn it doarpshûs. Dat foel ôf, en nei ôfrin fan dy edysje oerhearske by de organisators sawol as de besikers dochs fral it gefoel dat it feest wier yn in feesttinte thúshearde. Om Hûnewipperrock betelber te hâlden, waard yn 2018 foar it earst yntreejild heft. Dat hie ferskate feroarings ta gefolch. Sa moast der dat jiers foar it earst in fergunning oanfrege wurde by de Gemeente Dantumadiel, wat earder nea hoegd hie om't it in partikulier feestje wie dêr't gjin yntree heft waard. Fierders waard foar de organisaasje fan it festival yn 2018 de Stifting Hûnewipperrock oprjochte.

Yn 2020 kwam Corneum mei it nûmer 'Hûnewipperrock' (in oade oan it festival Hûnewipperrock) op nûmer 24 fan de Fryske Top 100 op Omrop Fryslân.

Optredende bands

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Bands
2011 DJ Gerard
2012 DJ Gerard
2013 DJ Gerard
2014 DJ Gerard
2015 Lechery, DJ Gerard
2016 Lechery, DJ Gerard
2017 Rendaq, Hotstop
2018 Rendaq, Lechery, Suprise act
2019 De Hûnekop, Jack Bottleneck, Rendaq, Corneum
2021 Alice Springs, Lechery, Johannes Rypma, DUO Hûnekop, Corneum, Oele Plop, DJ Gerard
2022 Party Animals, Handsome Poets, De Doelleazen - DJ set, Kings of Diamonds, Highway to Rosie, Corneum, Zanger Serge, DJ Urre, Herman van Dooren
2023 Melrose, Q-Music Foute party, Stars like us, Bertus Sipma, Harder, Feestbeest Yerrick, DJ Nicky Lorenzo
2024 ABBA Experience, Immer Hansi, Lawineboys, Danny Panadero, Highway to Rosie, Joop Obama and the Presidents, Frerik de Swetser, Corneum, Foppe Land, Feest DJ Erwin Ploeger, Surprise act

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grosso, Maria del, Hûnewipperrock voor het Eerst Legaal in Feesttent, yn de Ljouwerter Krante, 6 augustus 2018, s. 20