Foppe Land
Foppe Land | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Foppe Land | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 febrewaris 1964 | |
berteplak | Droegeham | |
wurkpaad | ||
berop/amt | boukundige tekstskriuwer, sjonger | |
jierren aktyf | sûnt 1982 | |
reden bekendheid |
sjonger |
Foppe Anne Land (Droegeham, 8 febrewaris 1964) is boukundige, sjonger en oprjochter fan Strawelte.
Punk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fia syn fjouwer jier âldere broer Klaas kaam hy yn oanrekking mei de punk en spesjaal de Oi-punkmuzyk. Syn broer Klaas wie begûn mei de punkband Spoiled Sperm en spile dêr nûmers fan ûnder oaren The Ramones en Cockney Rejects. It wie de earste punkband fan De Harkema. De punkmuzyk kaam yn dy tiid op en de bruorren Land en harren maten waarden de earste punkers yn de omkriten fan De Harkema. Neist de opdriuwende muzyk spilen de teksten fan de working class hero’s harren oan. It waard al gau in subkultuer mei ek punks en skinheads út Ljouwert en Drachten. Foar ferfier fan de coverband waard in lykwein brûkt, eat dat in soad opskuor joech yn Ljouwert, Drachten en De Harkema.
Chickencatchers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wyls hie Foppe ek al wat gitaarspyljen leard by Wopke van der Wijk en hie alris mei optreden by de band fan syn broer. Yn 1986 sette er mei in pear geastessiben útein mei de band Chickencatchers. De band bestie neist Land út Paul Alma (gitaar), Cor 'Pablo' de Haan (bas), Johannes 'Smurf' Stienstra (gitaar) en Freddie Ploeg (drums). Nei in earste optreden yn jongereinsintrum it Koartling ferliet Johannes Stienstra de band en begûnen se as coverband yn it Frysk te sjongen, it waarden letter bewurke covers. Al gau skreaunen se harren eigen punkteksten. Omdat Foppe gjin ynstrumint spile waard er sjonger fan de Chickencatchers.
Strawelte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neidat de namme feroare wie yn Strawelte kaam begjin 1988 in grutter optreden op Aaipop yn Nijlân. Datselde jier kaam der in sammelelpee út fan jongereinsintrum it Koartling mei derop trije nûmers fan Strawelte. Ek brocht de band nei de demo Roech as tou in elpee út mei de titel Teiwaar yn Tytsjerksteradiel. By optredens yn Litouwen waard de bas tydlik oernomd troch Klaas Land, de broer fan Foppe. Nei in protte optredens waard in ôfskiedskonsert jûn op 29 juny 1990 yn Bûtenpost, mar krekt letter wie der al in reüny optreden op Wâldrock yn Burgum. Yn 1991 kaam der ek noch in sammel-cd út mei de measte nûmers ûnder de namme Greta's Tits.
Klinkhamer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe ‘t Strawelte stoppe wie, ûntstie de band Klinkhamer, dy ’t Foppe tegearre mei Sietse van Essen oprjochte. Yn dy skapunkband spile ek Sjoerd Plantinga. De namme Klinkhamer wie ûntliend oan de boekerige De Kameleon, en de band spile dêrom ek yn in overalls, wat bûten Fryslân bysûnder wie. Nei in tal toernees ferliet Foppe de band, omdat hy de optredens net mear kombinearje koe mei syn wurk. Letter wied er noch wol faak mei de Kollumer koar de Blide Sjongers op paad. Yn 2011 wurke Land mei oan it Frysk Johnny Cash-projekt fan syn broer Klaas Land. Hy song begelaat troch de Hamstra's Ferlossing, de Fryske omtaling fan it nûmer 'Redemption'.
Syn soan Steyn Land út De Harkema kaam yn 2023 nij binnen op nûmer alve fan de Fryske Top 100 mei it nûmer 'Teeny teeny'. [1]
Dwers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe’t er âlder wie waard ADHD by him fêststeld. It ferklearre foar himsels it oars wurkjen fan syn brein. It late ta in soad kreativiteit en oars skeakeljen yn syn tinken.
Maatskiplik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foppe is, nei eigen sizzen in echte dwersbongel. Sa begûn er yn it fuortset ûnderwiis op it atheneum mar siet binnen in pear moannen op de mafû yn Surhústerfean. Sûnder diploma gie er nei de streekskoalle Fryslân en die dêr oant 1989 de oplieding masinale houtbewurking. Yn 1980 kaam hy yn tsjinst by timmerfabryk Van der Meer yn Droegeham en bleau dêr oant 1995. Dêrnei waard hy wurktarieder en projektlieder en joech les yn boukunde. Land die ek in stúdzje Ingelsk en technysk Dútsk en folge oan de Fontys Hegeskoalle de fakken Nederlânsk, Ingelsk en natuerkunde. Oan de Hanzehegeskoalle yn Grins studearre hy bedriuwskunde en die in oplieding Heger Management. Hy bleau wurkjen yn de bou, earst as ynkeaper, letter as direksjelid en bedriuwslieder.
Shorttrack
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As frijwilliger is Land winterdeis oaren aktyf as stadionomropper en kameraman by shorttrackwedstriden.
Diskografy (mei oaren)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fryske Cash (Marista MCD 8591, 2011)
- Fryske Cash (Marista MDVD 9029, 2011)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|