De Kameleon

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Kameleon is in boekesearje fan Hotze de Roos. Yn de boeken steane aventoeren fan de Fryske twilling Hylke en Sytse Klinkhamer mei harren boat De Kameleon yn it doarp Lenten. De boeken binne oarspronklik yn it Nederlânsk útjûn troch Kluitman, mar sûnt 1995 jout Utjouwerij Bornmeer oersettings yn it Frysk út. Yn it Nederlânsk binne 65 titels ferskynd, en nêst de Fryske binne der ek Dútske oersettings. De Roos hat nea in offisjele priis krigen foar syn boeken; wol hat er yn 1980 in sulveren penne krigen fan in basisskoalle út it Kameleondoarp Terherne. Hotze de Roos hat 60 Kameleonboeken skreaun; lykas foar syn ferstjerren ôfpraat wie hat nei syn dea P. de Roos (skûlnamme fan Piero Stanco) de searje oernaam.

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fresko "De Kameleon sleept de Ulbe erdoor"

Yn it Frysk binne de neikommende titels ferskynd:

  1. De skippers fan de Kameleon (oerset troch Akky van der Veer, 1995).
  2. De Kameleon hat súkses (oerset troch Eildert Duijff, 1995).
  3. De Kameleon bringt gelok (oerset troch Akky van der Veer, 1995).
  4. Grutte maten fan de Kameleon (oerset troch Eildert Duijff, 1995).
  5. De Kameleon fernimt ûnrie (oerset troch Jetske Bilker, 1995).
  6. Op reis mei de Kameleon (oerset troch Jetske Bilker, 1995).
  7. De Kameleon yn 'e brâning (oerset troch Jetske Bilker, 1998).
  8. Goede feart Kameleon (oerset troch Jetske Bilker, 1999).
  9. Fakânsje mei de Kameleon (oerset troch Jantsje Post, 2003).
  10. De Kameleon stekt fan wâl (oerset troch Jetske Bilker, 2004).

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2003 - De Schippers van de Kameleon / De Skippers fan de Kameleon
  • 2005 - Kameleon 2

Ek hawwe de haadrolspilers fan de films, Jos en Koen van der Donk mei Arjen Rooseboom sels twa films opnaam foar it Kameleondoarp:

  • 2005 - Kameleon en de Dubbelganger / Kameleon en de Dûbelgonger (koarte film)
  • 2007 - Kameleon als Schokkend Doelwit

Fryske film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't by de plannen foar de earste film dúdlik waard dat tekst yn it Nederlânsk wêze soe, hat de Kameleon Aksjerûnte fan FFJ Bernlef as protest sels in Fryske Kameleonfilm makke:

  • 2002 - Kameleon Sjocht Yn It Waar

De juridyske stappen fan Kluitman, doe't dizze film útbrocht waard foar de offisjele film, hawwe beide films in soad publisiteit jûn.