Springe nei ynhâld

Jetske Bilker

Ut Wikipedy
Jetske Bilker
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jetske Bilker
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 april 1960
berteplak Seisbierrum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
non-fiksje, oersettings
bekendste
  wurk(en)
Imitaasjelear
Harry Potter en de Stien fan
    'e Wizen
(fert.)
útjouwer Koperative Utjouwerij
Utjouwerij Bornmeer
prizen Fedde Schurerpriis 1990
Rely Jorritsmapriis 2019
Gysbert Japicxpriis 2023
jierren aktyf 1986 – no
offisjele webside
gjint

Jetske Bilker (Seisbierrum, 16 april 1960) is in Fryske skriuwster.

Jetske Bilker is 16 april 1960 berne yn Seisbierrum. Fan har sechsde jier ôf is se opgroeid yn Dimter en se folge dêr ek de HAVO. Yn 1977 folge se yn Almelo de kristlike Pedagogyske Akademy. Yn jannewaris 1982 ferhuze se nei Ljouwert en helle it twaddegraadsfoech Frysk oan de Noardlike Leargongen. Yn 1986 begûn se mei de stúdzje Algemiene Literatuerwittenskip yn Grins dêr't se yn 1990 ek hinne gong te wenjen.

Yn 1986 krige Bilker in opdracht om in Fryske roman te skriuwen. Dat waard Imitaasjelear dat yn 1988 by de Koperative Utjouwerij útkommen is. Yn 1990 krige se der de Fedde Schurerpriis foar. Yn 1989 kaam se yn de redaksje fan it tydskrift 'Trotwaer' en waard letter einredakteur oant 1995.

Yntusken wenne se yn Grins en studearre ôf yn 1992. Dernei folgen tydlike banen, lykas by it Frysk ynstitút fan de RUG, by it NLMD yn De Haach. Nei tsien jier les jûn te hawwen yn de fakken Frysk en Nederlânsk oan de CSG Comenius yn Ljouwert, keas se yn 2006 folslein foar de literatuer om yn 2020 wer werom yn it basisûnderwiis te kearen.

Yn 1997 kaam by Utjouwerij Bornmeer de ferhalebondel In nacht fan hûs út, mei ferhalen oer eigentiidske tema's as relaasjeproblematyk.

Yn 2004 fersoarge Bilker it boekewikepresint dat de titel Oar plak oare tiid meikrige. Yn datselde jier folge de Nederlânske oersetting by útjouwerij Prometeus yn Amsterdam: Andere plaats, andere tijd Fan febrewaris 2003 oant july 2005 siet se yn 'e redaksje fan it Frysk ynternettiidskrift Farsk, tegearre mei Marc Kooij, Elske Schotanus en einredakteur Abe de Vries Se fersoarge it proaza en skreau kritiken.

Fan 2006 oant 2011 wie se fêste kritikus foar de Ljouwerter Krante foar it Frysk proaza. Yn oktober 2011 folge Doeke Sijens har op as kritikus.

Yn juny 2007 ferskynde it earste part fan de Harry Potterrige yn it Frysk yn in oersetting fan har hân. Ein augustus 2012 ferskynde har tredde roman: It libben fan in oar. Bilker siet mei Goffe Jensma en Jantsje Post yn de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2013, de priis waard takend oan dichter Jacobus Q Smink.
Yn 2018, 2019 en 2022 sette se it boekewikegeskink, skreaun troch efterelkoar Griet Op de Beeck, Jan Siebelink en Ilja Leonard Pfeijffer yn it Frysk oer.

Yn 2023 krige Bilker de Gysbert Japicxpriis foar har roman Spegel en sonde út 2021.

  • 1988 - Imitaasjelear
  • 2004 - Oar plak oare tiid
  • 2012 - It libben fan in oar
  • 2021 - Spegel en sonde
  • 1997 - In nacht fan hûs
  • 2000 - Koartwei (ferhalebondel, mei oaren)
  • 2001 - Listen fan goaden en bisten (fiif fabels, mei oaren)
  • 2006 - De 100 mooiste Friese gedichten (blomlêzing Fryske poëzij, mei Babs Gezelle Meerburg)
  • 2009 - Fan Duveldrek nei Hoarnestreek (mei oaren)
  • 2013 - Schrijvers op Streek (koarte ferhalen yn streektalen)
Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen
  • 2010 - Sjouke en Kevin (studio F: taalmetoade Frysk)
  • 2014 - De Rommelwike (studio F: taalmetoade Frysk)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: