Kameleondoarp Terherne

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Kameleondoarp)
Jump to navigation Jump to search
Kameleondoarp Terherne
572px-Logo kameleondorp.JPG
algemien
hist. namme Kameleondoarp Terherne
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type privaat
sektor temapark
fêstige yn Terherne (Fryslân)
oprjochte 1997
offisjele webside
www.kameleonterherne.nl
Terhorne Kameleondorp.jpg

It Kameleondoarp Terherne is in temapark yn Terherne, dat wijd is oan de populêre boekesearje De Kameleon fan skriuwer Hotze de Roos.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kameleondoarp is ûntstien op it plak dêr't De Roos yn 1980 in sulveren pinne kado krige fan de Terhernster legere skoalle. De bern fan dizze skoalle wienen sljocht op de ferhalen oer De Kameleon en koenen net begripe dat De Roos nea in literatuerpriis wûn hie. Dêrom besleaten de learlingen de skriuwer út te nûgjen foar in wiere priisútrikking. Doe't de fraach steld waard oft de aventoeren fan Hylke en Sytse Klinkhamer har yn Terherne ôfspile hienen, andere De Roos: "It soe yn Terherne spile kind hawwe."

It eilân "Grutsân" (foto út 2000)

Mei troch dizze útspraak fan de skriuwer (ek Grou woe Kameleondoarp wurde) ûntstie yn Terherne in groep dy't harsels "freonen fan de Kameleon" neamde, en it plan opfette om in doarp ferrize te litten dêr't de boeken oer De Kameleon ta libben komme koenen. Op 29 maart 1994 waarden de plannen foar it doarp presintearre. Goed trije jier letter, yn 1997, waard it doarp iepene foar it publyk.

By de bou fan it doarp is besocht om it safolle mooglik lykje te litten op it doarp út de boeken. Sa leit de boat "De Kameleon" neist "Hotel De Gouden Leeuw", en triuwt er in echte pream foar in rûnfeart. It is mooglik by it eilân "Grutsân" oan te gean, dêr't boarte wurde kin mei de 'fjouwer eleminten fan de natoer'. Fansels hielendal yn Kameleon-styl. De smidderij fan Klinkhammer (de heit fan de haadpersoanen Hylke en Sytse) sit yn it saneamde "Kameleon-ervarium", hjir kin ek it gemeentehûs en de Wâldaap besjoen wurde. Simmerdeis rinne mear haadpersoanen út de boeken troch de buorren.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: