Springe nei ynhâld

Uitgeverij Kluitman Alkmaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Utjouwerij Kluitman)

Utjouwerij Kluitman Alkmaar B.V. is in Nederlânske útjouwerij dy't oprjochte is troch Pieter Kluitman yn Alkmaar. Kluitman is yn de rin fan de tiid ien fan de bekendste útjouwers fan berneboeken wurden; sy brocht boekerigen sa as Dik Trom, Pietje Bell en de Kameleon.

Yn 1864 begûn Pieter Kluitman yn Alkmaar in boekhannel yn in pân dêr't ek in printerij en in boekbinerij sieten. It bedriuw waakste stadichoan en ferskate klassikers waarden yn dy tiid foar it earst útjûn. Yn 1891 waard bygelyks it earste boek út de Dik Trom-searje fan C. Joh. Kieviet útjûn; yn 1903 folge Afke's Tiental fan Nynke fan Hichtum.

Hoewol't op it stuit gjin neikommelingen fan Kluitman yn de direksje sitte, wurdt de namme Kluitman oanholden. Nei in perioade in Heerhugowaard (1978 - 2000) sitten te hawwen, is it bedriuw sûnt 2000 wer yn Alkmaar fêstige.

Yn 2010 waard der besletten om de útjouwerij út te wreidzjen mei stikmannich ymprints. Kluitman woe him njonken berneboeken ek rjochtsje op it útjaan fan boeken ornearre foar famkes fan trettjin jier ôf, mei de klam op 'jong folwoeksenen'. Dat late ta it imprint Blossom Books. Njonken dat woe Kluitman him talizze op selshelpboeken foar bern wêrfoar't de ymprint Puur opset waard.

Yn desimber 2018 waard it bedriuw oernaam troch BBNC Uitgevers yn Amersfoart dy't it ûnde de namme Kluitman fuortsette.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: