Springe nei ynhâld

Pieter Kluitman

Ut Wikipedy
Pieter Kluitman

Pieter Kluitman (Gouda, 9 jannewaris 1838 - Alkmaar, 19 maaie 1913) wie in útjouwer. Op 20 april 1864 iepene er yn Alkmaar in boekhannel, dy't letter ta utjouwerij Kluitman waakse soe.

Kluitman joech 1891 it boek "Uit het leven van Dik Trom" út. Letter folgen de oare Dik Trom-dielen en bekende rigen as Pietje Bell en De Kameleon. Kluitman hold op mei wurkjen op 20 april 1904, presys 40 jier nei de iepening fan syn boekwinkel; hy die it bedriuw oer oan syn soannen Pieter-Karel en Hendrik-Willem.