Utjouwerij

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De stand fan útjouwerij McGraw-Hill op in boekebeurs yn Boston.

In útjouwerij is in organisaasje dy't de skeakel foarmet tusken de skriuwer en it lêzerspublyk, troch it útjaan fan boeken en tydskriften. By útwreiding wurdt it begryp ek tapast op oare media, faak mei dat medium as foarheaksel, bygelyks by in 'muzykútjouwerij', dy't blêdmuzyk útjout. Dejinge dy't it yn in útjouwerij foar it sizzen hat is in útjouwer. De measte útjouwerijen binne ûndernimmings, mar soms kin it ek om ferienings of stiftings gean. Trochdat yn it ferline útjouwerijen faak ienmansbedriuwen wiene, wurdt de oantsjutting útjouwer ek wol brûkt foar de hiele organisaasje.

In útjouwerij begeliedt dêr't dat nedich is en/of op priis steld wurdt de skriuwer, en hat kontakten mei drukkers, boekhannels, nasjonale bibleteken, oersetters, ensfh. Nei ûnderlinge oerienstimming mei de skriuwer publisearret de útjouwer it wurk yn kwestje. Meastentiids wurdt de skriuwer dan betelle neffens it tal ferkochte eksimplaren: de royaltys. De finansjele risiko's wurde op dy wize troch de útjouwer oernommen. By min rinnende útjeften krijt de skriuwer minder betelle en hat de útjouwer mear skea, by better rinnende útjeften springe se der beide goed út. Ornaris kinne allinnich by goed rinnende útjeften de royaltys heech genôch wurde om 'e oeren dy't de skriuwer yn syn wurk stutsen hat, te fergoedzjen. It komt ek foar dat útjouwer en skriuwer yn 't foar in priis ôfprate dêr't de royaltys mei ôfkocht wurde. Der binne net in soad minsken dy't mei har kreativiteit in goede deihier fertsjinje kinne.

It kin by útjaan as aktiviteit om ferskate produkten gean: boeken, e-boeken, kranten, tydskriften en by útwreiding om cd's, dvd's, audioboeken, blêdmuzyk, websiden, ensfh.. Binnen dy skiften spesjalisearje útjouwers har gauris. Sa binne der útjouwers dy't benammen berneboeken útjouwe, oaren dy't literatuer publisearje en wer oaren dy't wittenskiplike non-fiksje op 'e merk bringe. As yn in boek of oare publikaasje stiet: "útjûn yn eigen behear", of oare wurden fan dy strekking, dan wol dat sizze dat de skriuwer it sels op 'e merk brocht hat, sûnder tuskenkomst fan in útjouwer. Foarhinne kaam dat nochal ris foar, benammen as de skriuwer gjin útjouwer fine koe dy't brea seach yn syn skriuwwurk. Tsjintwurdich binne der útjouwerijen dy't har talizze op it saneamde publishing on demand of P.O.D., in Ingelske jargonterm dy't safolle betsjut as "útjaan op oanfraach". By sokke útjouwerijen (yn Fryslân bgl. Utjouwerij Elikser) wurde de saken omdraaid, en betellet de skriuwer de útjouwer foar it útjaan fan syn wurk.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.