Springe nei ynhâld

Cornelis Johannes Kieviet

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan C. Joh. Kieviet)
Cornelis Johannes Kieviet
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 8 maart 1858
berteplak Hoofddorp
stoarn 12 augustus 1931
stjerplak Wassenaar
wurk
sjenre berneliteratuer
bekendste
  wurk(en)
Dik Trom
jierren aktyf 1890-1931

Cornelis Johannes Kieviet (Hoofddorp, 8 maart 1858Wassenaar, 12 augustus 1931) wie in Nederlânske ûnderwizer û.o. yn it Noardhollânske buorskip Etersheim en skriuwer fan jeugdboeken. Hy publissearre ûnder de namme C. Joh. Kieviet. Hy wie de skepper fan de ferneamde ûndogenske figuer Dik Trom.

Fanwegen it ûndogenske karakter fan Dik Trom foel it Kieviet net ta om in útjouwer te finen en earst nei acht jier wie de earste 'Dik Trom' útferkocht. Oan de twadde printinge waarden tekenings fan Johan Braakensiek taheakke, en doe naam de ferkeap ta. Hoofddorp, it eardere Kruisdorp, is goed werom te kennen as plak fan hanneling yn de Dik Trom-boeken. De measte personaazjes binne basearre op wier besteande doapsbewenners út de jierren 1870 - 1880.

Kieviet skreau neist de Dik Trom-ferhalen noch tal fan oare jeugdromans, faak ek yn meiïnoar gearhingjende rigen, sa as "De Club Van Zessen Klaar", it masterwurk "Wilde Bob", "De Club Op Reis" en "De Club In Valkenburg" (1898-1915). Kieviet liet syn ferhalen troch de âldere learlingen oan de jongere foarlêze en hifke dan harren reaksjes en makke dan as it nedich wie oanpassings. Twa detectiveromans foar folwoeksenen dy't er letter skreau wiene net sa slagge.

Fan alle auteurs yn de gouden perioade fan de Nederlânske jeugdliteratuer, fan ± 1880-1940, wie Kieviet wol dejinge mei it measte talint. Syn boeken dy't faak in episoade út de skiednis ta ûnderwerp hiene, binne oarspronklik, sterk fan komposysje en koartswillich.

Berneboekemuseum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Skoaltsje fan Dik Trom
Stânbyld fan Dik Trom op it Merkplein yn Hoofddorp
Makker Nico Onkenhout

It eardere doarpsskoaltsje fan Etersheim is mei it skoalmasterhûs yn novimber 2011 oankocht troch Stadsherstel Amsterdam, dat it gebou út publike fûnsen restaurearje liet. It berneboekemuseum Het Schooltje van Dik Trom húsmannet sûnt maart 2013 yn it gebou.

  • De twee neven (1890)
  • Frans van Dorentil (1891)
  • Uit het leven van Dik Trom (1891)
  • Fulco de minstreel (1892)
  • In woelige dagen (1894)
  • Nog niet te laat! (1894)
  • Het badreisje van Cor Slung (1895)
  • De jonge musicus (1896)
  • Het slot op den Hoef (1897)
  • Jaepie-Jaepie (1897)
  • De Club "Van zessen klaar" (1898)
  • Uit de riddertijd (1900)
  • Wilde Bob (1900)
  • Frits Wardland (1901)
  • Slaet opten trommele! (1901)
  • Ab en z'n vrienden (1903)
  • De Club op reis (1903)
  • Jongens van Oudt Holland (1904)
  • Okke Tannema (1904)
  • De hut in het bosch (1905)
  • De Kennemer vrijbuiter (1905)
  • Onder verschillende meesters (1905)
  • De twee broeders (1906)
  • De zoon van Dik Trom (1907)
  • In "Den Otter" (1908)
  • Het vroolijke trio (1909)
  • Kleine Olle en zijn ekster (1909)
  • Vroolijke vertellingen (1909)
  • Pension Zonneduin (1910)
  • Een Corsicaansche jongen (1912)
  • Toen Dik Trom een jongen was (1912)
  • De Duinheks (1913)
  • Gouden daden (1914)
  • Uit het notulenboek van Dorus (1915; 2de printinge û.d.t. De Club in Valkenburg [1920])
  • Het geheim van den Canadees (1917)
  • De geheimzinnige koepel (1918)
  • Een dozijn Hollandsche jongens (1919)
  • Dik Trom en zijn dorpsgenoten (1920)
  • Het tweede boek van Dik Trom en zijn dorpsgenoten (1923)
  • De "Woelwater" (1924)
  • Het huisgezin van Dr. Forting (1924)
  • De zeerover van Oostzaan (1927)
  • Pim en Kim (1927)
  • Haar chauffeur (1928)
  • Het kamp in 't spookbos (1929)
  • De moord bij den hertenkamp (1930)
  • Avonturen van Dik Trom (1931)
  • Henk van Gelder - 't Is een bijzonder kind, dat is ie. Kinderboekenschrijvers van toen. Bussum / Antwerpen, 1980.
  • Ton van der Lee - Kieviet. Biografie van de schrijver van Dik Trom, Ambo Anthos 2019.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]