Springe nei ynhâld

Etersheim

Ut Wikipedy
Etersheim
Tsjerke fan Etersheim
Tsjerke fan Etersheim
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Edam-Volendam
Sifers
Ynwennertal 65
Oar
Postkoade 1474
Netnûmer 0299
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 35' NB, 5° 1' EL
Kaart
Etersheim (Noard-Hollân)
Etersheim

Etersheim is in buorskip yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De buorskip falt ûnder it doarp Oosthuizen en leit oan 'e Markermar. By Etersheim leit in grut wiel, de Etersheimerbraak dêr't yn 1618 de Suderseedyk trochbriek.

Etersheim hat likernôch 65 ynwenners.

Etersheim wie eartiids in selsstannich doarp. It doarp waard foar it earst yn in oarkonde yn 1277 neamd as Eitersem of Ettersem. De namme bestjut "hiem" fan nei alle gedachten de Fryske persoanenamme "Etter" (dy't ûntstien is út nammen lykas Edaerd of Edelhard)[1].

Yn 1398 joech de Hollânske greve Albrecht fan Beieren Etersheim yn lien oan Gerrit fan Heemskerk dy't op dat stuit ek de hearlikheid fan Oosthuizen yn hannen hie, as fertsjinste om op syn eigen kosten de greve by te stean yn de tocht nei Starum.[2]

It oarspronklike doarp Etersheim lei justjes eastliker oan de mûning fan de Easter Ee. It doarp rekke ferdronken troch ferskate floeden fan de Sudersee. Yn 2001 waard by in argeologyske dûk in L-foarmige fundearring fan dowestien fûn. Mooglik is dat in oerbliuwsel fan de orizjinele tsjerke fan it doarp.[3]. Yn augustus fan 2009 waard op de boaiem fan de Markermar in sarkofaach út de 12e iuw fûn. Dy lei yn it ferdronken doarp fan Etersheim. Dy sarkofaach hat in skoftlang yn de Grutte tsjerke fan Oosthuizen útstald west, mar is sûnt 2014 yn it Hûs fan Hilde yn Kastrikum.

Yn 1618 wie dêr by Etersheim yn dyktrochbrek, dêr't de âlde Suderseedyk by trochbriek. Yn 1632 is in nije dyk oanlein om de brek hinne. Benefter dy nije dyk ûntstie in wiel, de Etersheimerbraak.

In ferneamde ynwenner fan Etersheim wie Cornelis Johannes Kieviet, skriuwer fan de boekerige Dik Trom. Hy wie fan 1883 oant 1902 haad fan de doarpskoalle. It skoalgebou en de ûnderwizerswente waarden yn 2012 ferboud ta berneboekemuseum Het Schooltje van Dik Trom (It skoaltsje fan Dik Trom). Yn de pastorij wenne yn syn earste libbensjierren Kristofer Schipper (de meast wichtichste Nederlânske sinolooch fan de 20e iuw) mei syn mem, de berneboekeskriuwster Johanna E. Kuiper, dy't boaske wie mei de doe noch jonge dûmny Schipper.

Fan 1817 oant 1848 wie Etersheim in selsstannige gemeente, mar waard dêrnei by de gemeente Oosthuizen foege. Dy gemeente gie yn 1970 op yn de gemeente Seefang dy't yn 2016 op syn bar opgie yn de gemeente Edam-Volendam.

Nijsgjirrich is it tsjerkje sûnder toer. Yn 1639 waard in tsjerke yn it nije binnendykse doarp boud.[4][5] Omreden boufalligens waard waard er ein 19e iuw ôfbrutsen en yn 1905 waard der in nije Nederlânsk-herfoarme tsjerke boud. By de weropbou waarden de stiennen fan de eardere tsjerke brûkt. Yn de 1970-er jierren waard de doe al leechsteande tsjerke oan de Tsjerke fan Satan ferhierd. De grutte toer fan de tsjerke waard yn de 1980-er jierren omreden syn boufallige steat ôfbrutsen, dêr't it tsjerkje syn hjoeddeistige skaaimerkjende foarm troch krigen hie. Sûnt 2002 is it gebou yn gebrûk as Bêd en Brochje.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Tsjerke fan Etersheim, hjoed-de-dei in Bêd en Brochje
  • It Skoaltsje fan Dik Trom
  • Etersheimer Braakmolen, in poldermûne fan 1886 dy't yn 2002 restaurearre waard. By de mûne is it argeologysk minimuseum De Zeewolf fêstige, dat argeologyske fynsten sjen lit dy't by wurk oan de seedyk fûn binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
  1. G. van Berkel, K. Samplonius, Nederlandse plaatsnamen verklaard (2018).
  2. Hearlikheid Oosthuizen yn archieven.nl, oproppen op 17 juny 2024
  3. A.M. Numan, Noord-Hollandse kerken en kapellen in de Middeleeuwen, ca. 720-1200.. Walburg Pers (2005), p. 198. ISBN 978-90573039-1-3
  4. Ronald Stenvert, Monumenten in Nederland. Noord-Holland. Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren (2006).
  5. J.F. van Agt, Waterland en omgeving. Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren (1953).
Boarnen
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Etersheim fan Wikimedia Commons.
Edam-Volendam
Stêd:
Edam
Doarpen:
BeetsEtersheimHobredeKwadijkMiddelieOosthuizenPurmer (foar in part) • SchardamVolendamWarder
Buorskippen:
AxwijkKathamVerloreneinde
· · Berjocht bewurkje