Springe nei ynhâld

Edam-Volendam

Ut Wikipedy

It âlde riedhûs yn Edam
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
boargemasterLieke Sievers (partijleas)
sifers en geografy
haadplakVolendam
grutste plakVolendam
ynwennertal36.907 ()[1]
befolkingstichtens680
oerflak24,78
● wêrfan lân16,31
● wêrfan wetter8,47
tal stêden1
tal doarpen9
ferkearsierenA7 N244 N247 N517
skiednis
oprjochte2016
foar 2016 Edam-Volendam
Seefang
oar
netnûmer0209
postkoade1130-1135, 1470-1477, 1481
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.edam-volendam.nl

Edam-Volendam is in gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente hat 36.907 ynwenners (, boarne: CBS), wêrfan 22.590 yn Volendam en 7.390 yn Edam. Yn it easten grinzget de gemeente oan de Markermar.

De oarspronklike namme fan 'e gemeente wie Edam. Edam is in stêd dy't yn 1357 stedsrjochten krige, in barren dat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Om't it doarp Volendam lykwols meitiid folle grutter groeide as it stedsje Edam, besleat de gemeenteried fan Edam yn 1974 en feroarje de gemeentenamme yn 'Edam-Volendam'. Dat waard yn 1975 goedkard troch de Kroan.

Yn 2012 die de doetiidske gemeente Seefang in formeel fersyk om opnommen te wurden yn Edam-Volendam. Sadwaande begûnen de beide gemeenten yn oktober 2013 in fúzjeproseduere. De anneksaasje fan Seefang troch Edam-Volendam waard op 1 jannewaris 2016 in feit.

Plakken en buorskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stêd:

Doarpen:

Buorskippen:

Topografyske kaart fan de gemeente Edam-Volendam, yn 2016

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente is te berikken oer de N247 (eardere E10) (Amsterdam-Hoarn) en de N244 (Alkmar-Edam). De provinsjale dyk N517 leit alhiel yn de gemeente. Yn de gemeente leit in part fan it spoar fan Amsterdam nei Inhuzen

Flagge en wapen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De flagge fan Edam-Volendam foar de fúzje mei Seefang
It net-offisjele wapen dy't de gemeente yn al syn kommunikative uterings brûkt mei it wapen fan Volendam dêr yn.

De flagge fan Edam-Volendam waard as gemeentlike flagge oannommen nei de fúzje mei de gemeente Seefang, It is in wite flagge mei in stlearre skyld dêr't de wurden "Gemeente Edam-Volendam" yn steane. De flagge symbolisearret de fúzje tusken de twa gemeenten. De flagge fan Edam-Volendam fan foar de fúzje stiet hjirnjonken ôfbylde.

It wapen fan Edam wurdt beskreaun as: In kiel, in bolle fan Sabel dy't op in losse grûn fan sinopel stiet. Boppe de bolle binne trije seispuntige gouden stjerren njokeninoar. It skyld oan 'e boppekant wurdt troch in bear yn syn natuerlike kleur fêstholden.It is lykwols it skyld fan de stêd Edam. De gemeente brûkt in logo dêr't in dûbeldskyld mei de skylden fan Edam en Volendam njonkeninoar yn pleatst binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Edam-Volendam
Stêd:
Edam
Doarpen:
BeetsEtersheimHobredeKwadijkMiddelieOosthuizenPurmer (foar in part) • SchardamVolendamWarder
Buorskippen:
AxwijkKathamVerloreneinde
· · Berjocht bewurkje
Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort
wizigje