Springe nei ynhâld

Hobrede

Ut Wikipedy
Hobrede
De Beemsterringfeart by Hobrede
De Beemsterringfeart by Hobrede
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Edam-Volendam
Sifers
Ynwennertal 165 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 1,93 km², wêrfan:
- lân: 1,82 km²
- wetter: 0,11 km²
Befolkingsticht. 83 ynw./km²
Oar
Postkoade 1477
Netnûmer 0299
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 33' NB, 4° 59' EL
Offisjele webside
http://www.hobree.nl/
Kaart
Hobrede (Noard-Hollân)
Hobrede
Kaart
De Beemsterringfeart by Hobrede
Himrik fan Hobrede (ljochtgrien) yn de eardere gemeente Seefang

Hobrede (Wetterlânsk: Hobree) is in doarp yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. It doarp leit noardlik fan Purmerein.

Hobrede hat 165 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Hobrede komt mooglik fan it Midnederlânske hovetbrede (haad- of kopbreedte). Dat wol sizze de breedte fan in stik lân dy't tsjin de dyk oanslute. De oanbelangjende dyk wie de dyk fan de Beemster fan foar it drûchmeallen. De kosten fan it dykûnderhâld waarden eartiids rekkene op grûn fan de haadbreedte fan de oanlizzende stikken lân, yn it Midnederlânsk gedijckslaecht op haer hobrede. It wurd waard ornaris brûkt yn it Hollânsk Noarderkertier en it Amstellân.[2].

Yn Hobrede hat iuwenlang in tsjerke stien. Fan foar 1575 wie it in selsstannige tsjerkegemeente, dêrnei ferbûn west mei dy fan Oosthuizen. Yn 1826 waard it tsjerkje ôfbrutsen. It koe wêze dat it tsjerkje al jierren yn ferfal wie of dat de doarpelingen har gjin predikant mear tastien west hawwe.[3]

Hobrede hearde oant 1970 by de gemeente Oosthuizen. Dy gemeente waard oant mid 19e iuw "gemeente Oosthuizen en Hobrede" neamd. Yn 1970 waard de gemeente Oosthuizen part fan de doe oprjochte gemeente Seefang dy't yn 2016 opgie yn de gemeente Edam-Volendam.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
Boarnen
Edam-Volendam
Stêd:
Edam
Doarpen:
BeetsEtersheimHobredeKwadijkMiddelieOosthuizenPurmer (foar in part) • SchardamVolendamWarder
Buorskippen:
AxwijkKathamVerloreneinde
wizigje