Springe nei ynhâld

Warder (Nederlân)

Ut Wikipedy
Warder
Sicht op Warder fan de Iselmarseedyk ôf
Sicht op Warder fan de Iselmarseedyk ôf
Emblemen
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Edam-Volendam
Sifers
Ynwennertal 800 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 10,82 km², wêrfan:
- lân: 10,26 km²
- wetter: 0,56 km²
Befolkingsticht. 74 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N247
Postkoade 1473
Netnûmer 0299
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 34' NB, 5° 2' EL
Kaart
Warder (Noard-Hollân)
Warder
Kaart
Sicht op Warder fan de Iselmarseedyk ôf
Himrik (grien) fan Warder yn de eardere gemeente Seefang

Warder is in doarp yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân yn de krite Wetterlân. It doarp is in lintdoarp en justjes eastlik fan Oosthuizen tichteby de Markermar. Warder hat 800 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp waard tusken 1130 en 1161 foar it earst neamd as Werthere/Warthere en betsjut "eilân".[2].

Midiuwen - 19e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Warder ûntstie mooglik yn de 11e of 12e iuw by it oanmeitsjen fan it grutte leechfeangebiet súdlik fan West-Fryslân. Oarspronklik lei it doarp justjes eastliker yn de hjoeddeistige Markermar oan de westouwer fan de doetiidske Almeare. By it foarmjen fan de Sudersee loek it wetter fierder it lân yn en skode it doarp nei syn hjoeddeistige lokaasje. Yn 1414 waard it doarp mank mei Middelie en Kwadijk feriene ûnder it poarterjocht fan Edam. Dat joech de ynwenners beskate foarrjochten. De bewenners libben benammen fan de lânbou en, yn mindere mjitte, fan de fiskerij. Yn de 17e en 18e iuw hie it doarp in soad seelju. It doarp ûntjoech him ta in lintdoarp. It omlizzend lân fan it lintdoarp waard trochkruse mei in soad sleatten dy't foar it ôfwetterjen fan it wiete feangea nedich wiene. It gea wie allinnich te berikken oer it wetter.

1850 - 1960[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de twadde helte fan de 19e iuw die de melkfeehâlderij it tige goed, dêr't de ekonomy fan Warder ek mei profitearre. Yn dy snuorje waarden der in soad nije pleatsen boud, stjelpen fan in grutter type as dy fan foar dy tiid. Yn 1848 waard der in nij tsjerkegebou boud, en yn 1885 in riedhûs mei skoalgebou. It ferfieren fan fee, molke, hea en dong moast doe noch mei de boat dien wurde. Oant 1865 wie Warder allinnich mei boat út Oosthuizen wei te berikken. De wichtichste ferkearsier fan it doarp wie in feart dy't troch de lint rûn. Oan de noardkant fan dy feart rûn in smel fuotpaad, dêr't 19 tillen yn sieten. Yn 1911 waard der in koöperative suvelfabryk boud. Yn 1912 waard it fuotpaad ta in rydwei ferbrede en waarden de 19 tillen troch 11 ophelbrêgen ferfongen. Dochs bleau de boat noch hieltyd it wichtichste ferfiermidel.

1960 - no[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1960 feroare troch de ruilferkaveling it karakteristyike oansjen fan Warder. De boeren krigen dêrtroch syn lân yn haadsaak om harren pleatsen te lizzen, de hûskavel. Yn de sleatten waarden dammen oanlein dêr't it lân mei de trekker oer te berikken wie. Boppedat waarden der in tal ferkavelingsdiken troch de polder oanlein en waarden dêr bûten it doarp op lân dy't fierder ôf lei, nije pleatsen boud. De feart troch it doarp hinne waard stadichoan tichtsmiten, de ophelbrêgen ferdwûnen en de doarpswei waard breder. De skaalfergrutting yn de lânbou late ta it beëinigjen fan in soad lytsere pleatsen. De frijkommen stjelppleatsen waarden populêr ûnder stedslju út Amsterdam en Haarlim dy't dêr wenpleatsen fan makken. It suvelfabryk sleat yn 1967.

Oant 1970 wie Warder in selsstannige gemeente. Yn dat jier fusearre er mei de gemeenten Beets, Kwadijk, Middelie en Oosthuizen ta de gemeente Seefang dy't yn 2016 yn de gemeente Edam-Volendam opgie.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De N247 rint westlik fan it doarp fan Oosthuizen nei Edam.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
Boarnen
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Warder, Netherlands fan Wikimedia Commons.
Edam-Volendam
Stêd:
Edam
Doarpen:
BeetsEtersheimHobredeKwadijkMiddelieOosthuizenPurmer (foar in part) • SchardamVolendamWarder
Buorskippen:
AxwijkKathamVerloreneinde
wizigje