Wetterlân (regio)

Ut Wikipedy
Kaart fan it Wetterlân yn 1288

It Wetterlân is in krite yn de provinsje Noard-Hollân. It is in leech feangreidegebiet mei in soad sleatten en fearten. De ûndergrûn bestie oarspronklik út fean boppe-op mei dêrûnder slyklagen. Yn letter tiid soargen oerstreamingen foar in laach klaai oer it fean hinne. De hjoeddeistige krite Wetterlân omfiemet it gebiet fan de hjoeddeistige gemeenten Landsmeer, Edam-Volendam, Purmerend (útsein de Beemster en de Purmer) en Wetterlân. Yn dy krite wurdt it Hollânske dialekt Wetterlânsk sprutsen.

Yn 2018 is der in 17e iuwske Fryske tekst ûntdekt dy't út it Wetterlân ôfkomstich is. It gedicht is yn 1643 skreaun, is 48 rigels lang en is frijwat seksueel.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It Nijs (23 april 2018): 17e-ieusk eroatysk Frysk liet út West-Fryslân fûn (sjoen op 16 oktober 2022)