Hollânsk

Ut Wikipedy
Hollânsk
algemien
eigen namme Hollands
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 650.000-1.250.000
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
dialekten Hollânsk-Frysk, Kennemerlânsk,
Saansk, Súdhollânsk, Westfrysk,
Westhoeksk, Wetterlânsk

It Hollânsk (Hollânsk: Hollands) is ien fan 'e haaddialekten fan 'e Nederlânske taal, en wurdt benammen sprutsen yn 'e provinsjes Noard- en Súd-Hollân, mar ek yn dielen fan Fryslân, Noard-Brabân en Utert. De Nederlânske standerttaal sels is yn prinsipe in standerdisearre foarm fan it Hollânsk en wurdt dêrom troch taalkundigen yn 'e regel beskôge as in Hollânsk dialekt, ynstee fan oarsom. Yn Flaanderen wurdt de term "Hollânsk" brûkt om te ferwizen nei it Nederlânsk sa't dat yn Nederlân sprutsen wurdt, wylst der yn it bûtenlân (en ek faak yn Fryslân) simpelwei it Nederlânsk mei oantsjutten wurdt.

Taalgeografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lokaasje fan it Hollânske dialekt yn it Nederlânske taalgebiet.

Ta it Hollânske taalgebiet hearre de folgjende gebieten, ferdield oer fiif Nederlânske provinsjes.

Yn Noard-Hollân wurdt it Hollânsk yn 'e hiele provinsje sprutsen, útsein it Goai, dat ta it Utertsk-Alblasserwaardske dialektgebiet heart. Ek de pas yn 1930 drûchleine Wieringermarpolder wurdt yn 'e regel net as in ûnderdiel fan it Hollânske taalgebiet beskôge. De lju dy't har dêr nei de ynpoldering nei wenjen setten, kamen út ferskate dielen fan it lân, en krekt as letter yn 'e Noardeastpolder en de Flevopolders, wie gjinien dialekt der dominant, wat makke dat it Standertnederlânsk foar it meastepart fan 'e befolking de deistige omgongstaal waard.
Yn Súd-Hollân wurdt it Hollânsk yn it grutste part fan 'e provinsje sprutsen, útsein it uterste easten en suden. Eastlik fan in tinkbyldige line fan Sânhoven nei Gouda, en fierders yn 'e Fiifhearelannen, de Alblasserwaard en it eastlike part fan 'e Krimpenerwaard wurde nammentlik Utertsk-Alblasserwaardske dialekten sprutsen, wylst it eardere eilân Goeree-Oerflakkee en it doarp Eastfoarne en omkriten op westlik Foarne-Putten ta it Siuwske taalgebiet hearre.
Yn Fryslân hearre de Waadeilannen Flylân en it Amelân, en it doarp Midslân en omkriten op it Waadeilân Skylge ta it Hollânske taalgebiet. Fierders wurde dêr ek ta rekkene: de gemeente it Bilt (útsein it Frysktalige doarp Minnertsgea), de stêden Ljouwert, Snits, Frjentsjer, Harns, Dokkum, Boalsert en Starum en de doarpen It Hearrenfean en Kollum.
Yn 'e provinsje Noard-Brabân heart de krite ta it Hollânske taalgebiet dy't bekendstiet as de Westhoeke of ek wol de Noardwesthoeke. Dat is de lânstreek besuden it Hollânsk Djip, mei û.m. it stedsje Willemstêd en de doarpen Klundert en Fijnaart. Dy kontreien hearden trouwens histoarysk sjoen ek by Hollân, en binne pas nei de Frânske Tiid, yn 1813, oan 'e nije provinsje Noard-Brabân tawiisd.
Yn 'e provinsje Utert heart dan noch it uterste noardwestlike puntsje ta it Hollânske taalgebiet, rûchwei it plak Mijdrecht en omkriten.

Ta einbeslút soe men de Noardeastpolder (útsein it earder eilân Urk) en de Flevopolders (en dan ek de Noardhollânske Wieringermarpolder) noch ta it Hollânske taalgebiet rekkenje kinne, ôfhinklik fan 'e fraach oft men it Standertnederlânsk as in Hollânske taalfariant beskôget of net. Soms wurde trouwens ek de Utertsk-Alblasserwaardske dialekten noch beskôge as ûnderdiel fan it Hollânsk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik waard der yn hiele Hollân Frysk sprutsen. It is net alhiel dúdlik hoe't de súdlike en sintrale parten fan Hollân ûntfryske rekke binne; mooglik waarden de Friezen dêre troch Nederfrankysk sprekkende kolonisten hieltyd fierder weromkrongen. Oanhingers fan dy "ferkringingsteory" ferwize gauris nei de saneamde Grutte Untginning yn 'e Hollânsk-Utertske Leechflakte, yn 'e perioade fan 'e alfde oant de trettjinde iuw, dy't in protte folk út oare kontreien oanlutsen hawwe soe. It kin lykwols ek wêze dat de Fryske bewenners fan Hollân stadichoan Nederfrankyske foarmen oernommen en sa it Frysk ferlern hawwe. Yn elts gefal hat him yn 'e Midsiuwen út dat Nederfrankysk wei it Hollânsk ûntjûn, krekt sa't har der ek it Utertsk-Alblasserwaardsk, it Brabânsk en it Siuwsk-Westflaamsk út ûntwikkele hawwe. Yn it easten, súdeasten en suden giet it Hollânsk dan ek noch altyd stadich oer yn dy trije dialektgroepen.

Terreinferlies fan it Frysk yn Nederlân troch de iuwen hinne.

Tsjin 1300 wie súdlik Hollân, op 'e krite fan De Kaach nei, alhiel ûntfryske rekke, en de Noardhollânske Noardseekust oant op 'e hichte fan Alkmaar allyksa. Yn West-Fryslân, op 'e Westfryske eilannen (Teksel en Flylân ynbegrepen) en yn 'e Saanstreek en Wetterlân waard lykwols oant yn 'e lette Midsiuwen noch Frysk sprutsen. Pas nei't greve Floaris V yn 1289 de Westfriezen ferslein en ûnderwurpen hie, waard dêr it Frysk stadichoan ferkrongen troch it Hollânsk. Ut dat proses ûntstiene troch it oerbliuwen fan in Frysk substraat it Saansk en Wetterlânsk en de Westfryske dialekten. Yn twa isolearre gebieten, it eilân Seefang, yn Wetterlân, en Skagen en omkriten, yn West-Fryslân, waard it Frysk noch lange tiid beholden, mooglik sels oant yn 'e njoggentjinde iuw.

Yn 'e iere sechstjinde iuw kaam der wat standerdisaasje yn it skreaune Hollânsk ta stân, mei't yn dy tiid Antwerpen fierwei de machtichste hannelsstêd yn 'e Nederlannen wie en sadwaande de Hollânske elite derta oerhong syn skriuwtaal oan dy fan it Antwerpsk oan te passen. Soks hie nei alle gedachten lykwols net in protte ynfloed op 'e sprektaal fan de elite – en alhielendal net op dy fan it sljochtwei folk, dat yn grutte mearderheid analfabeet wie.

De Hollânske sprektaal waard lykwols àl beynfloede, doe't Antwerpen yn 1585, as ûnderdiel fan 'e Tachtichjierrige Oarloch, troch de Spanjerts ynnommen waard en tsientûzenen Brabanners en Flamingen nei Hollân ta flechten. Om't dy harren frijwol allegear yn 'e stêden fêstigen, ûntstie dêr in sprektaal dy't in ferminging west hawwe moat fan 'e oarspronklike Hollânske stedsdialekten en it Brabânsk en Flaamsk fan 'e nijynkommelingen. Mei't de oarspronklike dialekten mar fragmintarysk oerlevere binne, is no net mear nei te gean hoe grut oft de relative bydrage fan 'e beide groepen oan 'e nije sprektaal west hat. Underwilens skreau de stedske elite noch altyd yn 'e Brabânske skriuwtaal, dy't yn 'e rin fan 'e iuwen mar hiel stadich oan 'e sprektaal oanpast waard en pas in grutte feroaring trochmakke troch Heechdútske en Nedersaksyske tafoegings fia de Steatefertaling (fan 'e Bibel) fan 1618.

De Hollânske sprektaal is pas goed oerlevere út 'e njoggentjinde iuw. Yn dy tiid waarden der yn 'e stêden dialekten sprutsen dy't har fral fan 'e standerdisearre skriuwtaal ûnderskaten troch in beskaat aksint, wylst der op it plattelân hjir en dêr sterk ôfwikende dialekten foarkamen. It is net dúdlik hoe't dat krekt kaam. It soe kinne dat dy sitewaasje in gefolch wie fan it ferrinnewearjen fan 'e oarspronklike stedsdialekten troch de ynfloed fan 'e skriuwtaal, wat betsjutte soe dat de plattelânsdialekten oerbliuwsels wiene fan it oarspronklike Hollânsk. Mar it is ek mooglik dat de ynfloed fan 'e skriuwtaal krekt de ûntwikkeling fan 'e stedsdialekten remme hie, trochdat eardere stadia skriftlik fêstlein wiene en men him fan taalferoaring bewust waard en dat proses doe besocht tsjin te kearen, wylst de minder mei de skriuwtaal yn kontakt steande plattelânsdialekten almar fierder begûn wiene ôf te wiken.

De Grutte Merk, yn Haarlim.

Dat lêste ferskynsel hat him nammentlik yn Flaanderlân foardien, dêr't iuwenlang it Frânsk de offisjele taal en dêrom ek de skriuwtaal wie. Mei't de West- en Eastflaamske en Brabânske dialekten dêr net mear yn kontakt stiene mei de Nederlânske standerttaal, hawwe dy har troch de iuwen hinne yn eigen rjochtings ûntwikkele en binne se tsjintwurdich grutdiels net mear ûnderling fersteanber mei it Standertnederlânsk. Sadwaande kin no sein wurde dat fan alle Nederlânske haaddialekten it Hollânsk it tichtst by de standerttaal stiet. Fierders seit in folkswiisheid dat binnen de Hollânske dialektgroep it suverste dialekt sprutsen wurdt yn Haarlim, dêr't men de Nederlânske aa útsprekt as [a:] (aa fan "laad") en net as [ɔ:] (ô fan "nôt"), lykas yn 'e rest fan Hollân (dêr't dy klank trouwens ornaris stavere wurdt as ao).

Hjoeddeistige sitewaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw binne de Hollânske dialekten hieltyd mear ûnder ynfloed fan it Nederlânsk kommen te stean. Guon lytse dialekten, lykas it Flylânsk, koene dat net oan en binne ûnderwilens útstoarn, wylst oaren allinnich noch mar troch de âlderein sprutsen wurde en op it rântsje fan it útstjerren balansearje. De grutste dialekten, lykas it Amsterdamsk, it Rotterdamsk, it Haachsk en it Leisk, hawwe noch mear as genôch sprekkers, ek ûnder de jongerein, mar dy hawwe wer te krijen mei in grutte ynfluks fan Ingelske lienwurden.

Sprekkerstal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't dúdlik is dat it Hollânsk hjoed de dei mei it Brabânsk ien fan 'e beide meast sprutsen haaddialekten fan it Nederlânsk is, is it dreech om oan te jaan hoefolle sprekkers oft it persiis hat. In foarsichtige rûzing op grûn fan gegevens út 2005 kaam op 650.000 út, wêrfan't de grutte mearderheid dan socht wurde moat yn stêden as Amsterdam, Rotterdam, De Haach, Leien, Delft, ensfh. In oare skatting, út 1999, kaam út op sa'n 1.250.000 sprekkers.

Sokke ferskillen kinne allicht ferklearre wurde troch de kritearia dy't men steld by it tellen fan dialektsprekkers, want yn Hollân wurdt in protte "licht dialekt" sprutsen. Dêrby ûnderskiedt it dialekt him inkeld noch fan it Standertnederlânsk troch klankferskillen lykas [ɛ:] (ê fan "bêd") foar de Standertnederlânsk [ɛ.i̭] (de Wâldfryske ei fan "dei") en [ʌ:] (eu fan "freule", Frânske útspraak) foar de Standertnederlânske [ʌi̭] (ui fan "bui"). Hoelang't men yn sokke gefallen noch sprekke kin fan in dialekt en wêr't de grins lutsen wurde moat mei in regionaal kleure Nederlânsk (regiolekt), dêr sille in soad minsken grif ferskillende mienings oer hawwe.

Strjitbyld yn Willemstêd.

Taaleigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hollânsk en oare Nederlânske dialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skaaimerken dy't it Hollânsk dielt mei it Brabânsk en it Siuwsk binne û.o. it ûntbrekken fan 'e foarm du ("do", persoanlik foarnamwurd 2e pers. inkeltal), en fan in apart wurd foar it weromwurkjend foarnamwurd (Hollânsk hem of z'n eige ynstee fan it út it Heechdútsk oernommen Nederlânske zich) en fierders de foarmen docht ("tocht") en brocht ("brocht") foar it Nederlânske dacht en bracht.

Fan alle oare Nederlânske haaddialekten ûnderskiedt it Hollânsk him fierder troch it gearfallen fan 'e klassen fan 'e manlike en froulike haadwurden, it foarkommen fan 'e foarmen nou ("no") en jou ("dy") (Siuwsk: noe en joe; Brabânsk: nu en u/oe). Oare ferskillen beslane ûnder mear it útslutende brûken fan it persoanlik foarnamwurd jij ynstee fan 'e âldere foarm gij en it bestean fan 'e ferlytsingsfoarmen op -ie en -tje (Siuwsk: -je en -tje; Brabânsk: -ke en -ske).

Oarstalige ynfloeden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat ynfloeden fan oare talen en dialekten oangeane, hat der yn Noard-Hollân benoarden it IJ al sûnt de Midsiuwen troch it Fryske substraat dêre in dúdlik Fryske ynfloed bestien. Oan 'e oare kant fan it taalgebiet, yn it suden fan Súd-Hollân, ek wol bekend as Súd-Hollân-Súd, is krekt in dúdlik Siuwske ynfloed werom te finen.

De haaddialekten fan it Hollânsk.

Subdialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hollânsk kin opdield wurde yn sân ûnderskate subdialekten dy't yn 'e measte gefallen sels ek wer ûnderferdield wurde kinne yn noch wer lytsere plattelâns- en stedsdialekten. Fierwei de grutste fan dy dialektgroepen wurdt foarme troch it Súdhollânsk. Dêrta hearre ûnder mear stedsdialekten as it Amsterdamsk, Rotterdamsk, Haachsk, Leisk, Haarlimsk, Delftsk en Goudsk, dialekten fan fiskersdoarpen as it Katwyksk, it Noardwyksk en it Skeveningsk en plattelânsdialekten as it Rynlânsk, it Skylânsk en it Delflânsk.

In oare grutte dialektgroep wurdt foarme troch de Hollânsk-Fryske mingdialekten, dy't yn 'e provinsje Fryslân sprutsen wurde. Dêrta hearre de Stedske dialekten (ek wol Stedfrysk neamd), it Midslânsk, it Amelânsk en it Biltsk. Nau mei de mei dizze groep besibbe binne de Westfryske dialekten, út 'e Kop fan Noard-Hollân. Dy kloft omfiemet yn it foarste plak it Lânwestfrysk (mei û.m. it Egmondsk), dat yn 'e lânstreek West-Fryslân en by de Noardseekust lâns, fan Den Helder oant Kastrikum, sprutsen wurdt. Teffens hearre hjirta de saneamde Eilânwestfryske dialekten, mei it Inkhústersk fan 'e stêd Inkhuzen, it Wieringsk fan it eardere eilân Wieringen en it Tekselsk fan it Waadeilân Teksel. Fierders waard ek it no útstoarne Flylânsk, dat sprutsen waard op it Fryske Waadeilân Flylân, ta dizze groep rekkene.

By de Iselmarkust lâns, tusken Skarwâld en Durgerdam yn, wurdt it Wetterlânsk sprutsen. Dy kloft omfettet dialekten as it Purmereinsk, it Foalendamsk, it Mûntsjedamsk en it Markersk. Bewesten it Wetterlânske gebiet leit de Saanstreek, dêr't it Saansk sprutsen wurdt. Dêr wer westlik fan, oan 'e Noardseekust, wurde de Kennemerlânske dialekten sprutsen, lykas it Alkmaarsk, it Beverwyksk en it IJmuidersk.

En ta ein beslút is der dan noch it Westhoekske dialekt, dat yn 'e provinsje Noard-Brabân sprutsen wurdt, yn 'e krite fuort besuden it Hollânsk Djip, mei it stedsje Willemstêd en doarpen as Klundert en Fijnaart. Dat gebiet hearde oarspronklik ta it gewest Hollân, mar kaam yn 1813 by Noard-Brabân te hearren, doe't dat nei de oprjochting fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen foar it earst in selsstannige provinsje waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Berns, Jan, en Steusel, Sanne, Noord-Hollands, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 161.
  • Bree, Corry van, Zuid-Hollands, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 90 216.
  • Daan, Jo, Wieringer Land en Leven in de Taal, Alfen oan de Ryn, 1950 (N. Samsom N.V.), sûnder ISBN.
  • Jansen, Gelein, Tessels Woordenboek – Met Sèèggies: Nederlands-Tessels, De Burch, 1993 (Langeveld en De Rooy), ISBN 978-9 07 01 33 221.
  • Jansen, Gelein, Woordenboek Tessels-Nederlands, Den Burch, 2006 (Langeveld en De Rooy), ISBN 978-9 07 01 33 399.
  • Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130.
  • Keyser, S., Het Tessels (wurdboek), Leien, 1951 (Brill), sûnder ISBN.
  • Pannekeet, Jan, Het Westfries: Inventarisatie van Dialectkenmerken, Wormerveer, 1991 (St. Uitgeverij Noord-Holland), ISBN 9 07 11 23 359.
  • Pannekeet, Jan, Westfries Woordenboek, Wormerveer, 1984 (St. Uitgeverij Noord-Holland), ISBN 978-9 07 11 23 016.
  • Scholtmeijer, Harrie, Utrechts, Veluws en Flevolands, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 90 087 (oer it taalgebrûk yn 'e Wieringermarpolder).