Westhoeksk (Hollânsk)
Westhoeksk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Noardwesthoeksk | |
eigen namme | Westoeks | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 8.000 (2005, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Westhoeksk | |
dialekten | Dinteloardsk, Fijnaartsk, Klundertersk, Willemstedsk |
It Westhoeksk (Westhoeksk: Westoeks), ek wol Noardwesthoeksk neamd, is it Hollânske haaddialekt dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e provinsje Noard-Brabân, besuden it Hollânsk Djip, yn in krite dy't foarhinne by Hollân hearde. It Westhoeksk ûnderskiedt him fan 'e oare Hollânske haaddialekten troch in sterkere ynfloed fan it Brabânsk, wat makket dat it in oergongsposysje ynnimt tusken it Súdhollânsk en it Westbrabânsk.
Taalgeografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Westhoeksk wurdt sprutsen yn 'e Westhoeke (of Noardwesthoeke), it gebiet dat oan 'e súdkant fan it Hollânsk Djip leit, tusken it Folkerak en Moerdyk yn. Yn dy krite lizze it stedsje Willemstêd, de plakken Fijnaart, Klundert en Dinteloard en ferskate lytsere doarpen en útbuorrens.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hiel wat taalkundigen hawwe har wolfergoed de holle brutsen oer de fraach wêrom't de Brabânske Westhoeke in Hollânsk dialekt hat. It is wier dat dit gebiet iuwenlang ta it gewest Hollân hearde en pas nei de stifting fan it Keninkryk fan de Nederlannen, yn 1813, by de doe nijfoarme provinsje Noard-Brabân kaam te hearren. Ek is it sa dat de befolking fan it gebiet tradisjoneel protestantsk is, wylst de rest fan Noard-Brabân fierhinne roomsk is. Mar dat dy beide faktoaren net fan trochslaand belang west hawwe kinne, toant de sitewaasje fan it Lân fan Altena, tusken Maas en Merwede, oan. Dat hearde nammentlik ek oant 1813 by Hollân, en wie fan âlds ek protestantsk, mar dêr praat men wol Brabânsk.
Sadwaande giet men der tsjintwurdich fan út dat de Hollânsktaligens oan it ûntstean fan 'e Westhoeke lizze moat. It gebiet wie der nammentlik ûnder strûpt by de wettersneedramp fan 'e Sint-Elizabethsfloed, yn 1421, en waard pas yn 'e sechstjinde iuw ûnder Hollânske lieding wer drûchmakke troch polderwurkers dy't foar in grut part fan Hollânsk komôf wiene. Neitiid setten in protte fan dy lju har op it nije lân nei wenjen, en it liket derop dat de Siuwen en Brabanners ûnder de kolonisten har oanpast hawwe oan it Hollânsk, dat tsjin dy tiid yn it gebiet blykber in dominante posysje ferwurven hie. Dêrmei liket de ûntsteansskiednis fan it Westhoeksk sterk op dy fan it Biltsk, yn Fryslân.
Taalgebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt as dat by hast alle dialekten yn Nederlân it gefal is, is ek it Westhoeksk yn 'e tweintichste iuw ûnder swiere druk fan it Standertnederlânsk kommen te stean. It is ûndúdlik hoefolle sprekkers oft it Westhoeksk tsjintwurdich krekt hat, mar in rûzing út 2005 kaam út op rûchwei 8.000 minsken.
Taaleigenskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't it Westhoeksk in tuskenposysje ynnimt tusken it Hollânsk en it Brabânsk, heart it dochs dúdlik thús oan 'e Hollânske kant fan 'e skiedsline tusken dy beide taalfoarmen. Dat blykt út in stikmannich skaaimerken dy't typysk Hollânsk binne, lykas it útslutende brûken fan it persoanlik foarnamwurd jij ("do") ynstee fan 'e âldere foarm gij en it bestean fan 'e ferlytsingsfoarmen op -je en -tje, wylst it Brabânsk -ke en -ske hat. Fierders hat it Westhoeksk ek de útgong op -t yn 'e earste persoan inkteltal by de ferfoeging fan tiidwurden, lykas yn ik doet ("ik doch") en ik bent ("ik bin"). Dat ferskynsel is ek frij algemien yn 'e Súdhollânske subdialekten yn 'e regio Súd-Hollân-Súd (Rotterdam en omkriten), mar komt net foar yn it Brabânsk.
Wol ken it Westhoeksk dan wer in Brabânskige útspraak, mei as dúdlikste foarbyld it ferfangen fan 'e stimhawwende felêre wriuwklank [ɣ] (g fan "drage") troch de stimhawwende uvulêre wriuwklank [ʁ], wat yn it Nederlânsk faak de "sêfte g" neamd wurdt. Teffens ferdwynt it Westhoeksk oer it algemien de h oan it begjin fan wurden, in taalkundich ferskynsel dat h-deleesje neamdt wurdt, en dat ek yn it oangrinzgjende Westbrabânske dialektgebiet foarkomt. Fan alle Hollânske dialekten is it Westhoeksk it naust besibbe mei it Hoeksk fan 'e Hoekske Waard en mei it Doardtske stedsdialekt. Binnen it Westhoekske dialektgebiet besteane beskate ynterne ferskillen, dy't grutternôch binne om yn it gefal fan it Dinteloardsk, Fijnaartsk, Klundertersk en Willemstedsk fan subdialekten sprekke te kinnen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|