Springe nei ynhâld

Súdwestgermaanske talen

Ut Wikipedy
Súdwestgermaanske talen
algemien
oare namme(n) Nederlânsk-Dútske talen
lokaasje fan oarsprong yn Noardwest-
en Midden-Jeropa
tal talen ±10
tal sprekkers ±132 miljoen (2004)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
subgroepen Heechdútsk
Nederfrankysk-Nedersaksysk

De Súdwestgermaanske talen, ek wol Nederlânsk-Dútske talen neamd, foarmje in lytse taalgroep dy't ta de Westgermaanske talen heart. Mei-inoar binne de talen út dizze kloft foar likernôch 132 miljoen minsken de memmetaal.

Taalkundigen achtsje it net botte wierskynlik dat de Súdwestgermaanske talen weromgeane op ien mienskiplike oertaal, it Súdwestgermaansk. Ynstee is men fan tinken dat dizze taalkloft by it ûntstean, d.w.s. by it losbrekken fan 'e Noardwestgermaanske talen, al út in stikmannich nau besibbe mar selsstannige talen bestie.

De Súdwestgermaanske taalgroep moat yn alle gefallen ûntstien wêze foàr de ierste oerlevering fan in Súdwestgermaanske taal (nammentlik fan it Aldheechdútsk) oan 'e ein fan 'e achtste iuw, en hiel wierskynlik sels al foar it útinoarfallen fan 'e taalienheid fan it Noardgermaansk en it Westgermaansk, om 'e fyfde iuw hinne. Sels foel de Súdwestgermaanske taalkloft útinoar yn ferskate ôfsûnderlike talen troch de gefolgen fan 'e opname fan guon ingveonismen yn 'e Nederfranksysk-Nedersaksyske talen en it foarfallen fan 'e klankferskowings yn 'e Heechdútske talen.

Fierwei de wichtichste Súdwestgermaanske taal is it Dútsk, op ôfstân folge troch it Nederlânsk. Oare talen yn dizze taalkloft binne it Afrikaansk, it Lúksemboarchsk, it Nederdútsk/Nedersaksysk, it Limboarchsk en it Jiddysk. De measte taalkundigen beskôgje fierders it ier útstoarne Longobardysk as in Sudwestgermaanske taal, en faak wurde ek de fan it Dútsk en Nederdútsk ôfstamjende migrantetaalfoarmen fan it Minnistedútsk, it Hutteristedútsk, it Pennsylvaansk en Wilamowytsersk as ôfsûnderlike talen sjoen. Party saakkundigen rekkenje teffens it Jenysk, in taal fan wenweinbewenners yn Dútslân en Switserlân, ta de Súdwestgermaanske talen. Ta einbeslút binne der dan noch guon taalfoarmen dy't oer it algemien as dialekten beskôge wurde, mar wêrfan't alteast in diel fan 'e sprekkers krewearret foar erkenning as ôfsûnderlike taal, lykas it gefal is mei it Siuwsk/Westflaamsk, it Biltsk en it Switserdútsk.

Underferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjirûnder in skematyske werjefte fan 'e opbou fan 'e Súdwestgermaanske taalkloft.

Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden fan ien oant en mei tsien yn 'e ferskillende Súdwestgermaanske talen.

taal 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10
Nederdútsk (Westfaalsk) eein twei drai veier fief söss siewen acht niegen tein
Nederlânsk een twee drie vier vijf zes zeven acht negen tien
Afrikaansk een twee drie vier vyf ses sewe agt nege tien
Siuwsk èène twèèë drieë viere vuve zesse zeuvene achte negene tiene
Limboarchsk een tweej drai vier vaif zees zeeve aach neuge téin
Lúksemboarchsk een zwéi dräi fier fönnef sechs siwwe aachte néng zéng
Dútsk eins zwei drei vier fünf sechs sieben acht neun zehn
Jiddysk eyns tsvey dray fir finf zeks ziêben akht nayn tsen
Pennsylvaansk (Amish) eens zwee drei viere fimfe sexe siwwe achte neine zehe
Switserdútsk (Bernsk) öins zwöi dröi vier füüf ssechs ssiem åcht nün zäh

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.