Dútske talen
Appearance
De Dútske talen foarmje in lyts subgroepke fan 'e Heechdútske taalgroep fan 'e Súdwestgermaanske talen, dy't wer diel útmeitsje fan 'e Westgermaanske talen.
De Dútske talen binne: Dútsk, Lúksemboarchsk, Pennsylvaansk, Hutteristedútsk, Wilamowytsersk en it útstoarne Longobardysk. Ek it Switserdútsk, wêrfoar in part fan de sprekkers stribbet nei erkenning as taal, heart ta dizze groep. Fierwei de wichtichste taal fan dizze taalkloft is it Dútsk.
De Dútske talen binne nau besibbe oan it Jiddysk en fierder oan de Nederfrankysk-Nedersaksyske talen.