Springe nei ynhâld

Hollânsk-Fryske dialekten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hollânsk-Fryske mingdialekten)
Hollânsk-Fryske dialekten
De lokaasje fan 'e Hollânsk-Fryske dialekten yn 'e provinsje Fryslân.
De lokaasje fan 'e Hollânsk-Fryske dialekten yn 'e provinsje Fryslân.
algemien
lokaasje de Fryske stêden, Kollum,
it Hearrenfean, it Bilt, it Amelân,
Midslân
tal sprekkers ±57.000
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Fryske
                    dialekten
subgroepen Amelânsk
Biltsk
Midslânsk
Stedsk

De Hollânsk-Fryske dialekten binne in groep besibbe dialekten binnen it gruttere ferbân fan it Hollânsk, dy't lykwols yn Fryslân sprutsen wurde. Dêrby giet it om it Biltsk, it Amelânsk, it Midslânsk en de ûnderskate Stedske dialekten.

De Hollânsk-Fryske dialekten ûntstiene yn 'e sechstjinde en de santjinde iuw troch in ynfluks fan Hollânske kolonisten. Yn it gefal fan it Bilt gie it dêrby om polderwurkers en boeren, dy't de mûning fan 'e âlde Middelsee drûchmakken en har der doe nei wenjen setten. Meitiid rekke harren Hollânsk ferbastere ta in mingtaal. Yn 'e gruttere plakken wiene it de bestjoerders dy't út it bûtenlân kamen, de elite dus, wa har spraakgebrûk oft troch de sljochtwei stedsjers oernommen waard.

In selde ûntjouwing fûn yn 'e sechstjinde iuw plak op it Waadeilân Skylge, dêr't it doarp Midslân de sit fan it Hollânske bestjoer wie. Ek op it Amelân is sprektaal fan 'e befolking ferhollânske, in proses dat yn 'e sechstjinde iuw yn it westen fan it eilân begûn en yn 'e achttjinde iuw op it eastlike part einige. Mooglik spile ek dêr in rol dat it Hollânsk de bestjoerstaal wie, al is noch altyd net dúdlik wêrom't de beide úteinen fan Skylge, dat fan 1398 oant 1942 ûnderdiel fan Hollân wie, har Fryske dialekten beholden hawwe, wylst it Amelân, dat oant 1795 in selsstannich steatsje wie, ûntfryske rekke is.

Talich karakter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in âldere útlis soene al dizze dialekten ûntstien wêze troch ferminging fan it Hollânsk fan 'e nijynkommelingen mei it Frysk fan 'e oarspronklike bewenners fan Fryslân. Foar it Biltsk en de eilândialekten bliuwt dy teory fierhinne oerein. De Stedske dialekten, lykwols, binne neffens nijere ynsichten in foarm fan âlder Hollânsk dat net mear as Hollânsk werkend wurdt om't dy taal yn Hollân meitiid sa feroare is, wylst it Stedsk yn Fryslân troch isolaasje fierhinne gelyk bleaun is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Buwalda, H.S.; Buwalda, S.H.; en Burg, A.C.B. van der, Woordeboek fan 't Bildts, Ljouwert, 1996 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 309.
  • Duijf, Pieter, Fries en Stadsfries, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 90 155.
  • Duijf, Pieter, Wurdlisten fan 'e Fryske stedsdialekten, Ljouwert, 1998 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 600.
  • Gorter, Durk, en Jonkman, Reitze, Taal yn Fryslân op 'e nij besjoen, Ljouwert, 1995 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 074.
  • Jansen, Mathilde, Een Echte Amelander Spreekt Dialect, Amsterdam, 2010 (Amsterdam University Press), ISBN 978-9 08 96 42 035.
  • Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130.
  • Jansma, K., Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981 (Friesch Dagblad), ISBN 9 06 48 00 154.
  • Jonkman, Reitze, en Versloot, Arjen, Het Friese "Nederduits", Ljouwert, 2025 (Afûk), ISBN 978-9 49 33 18 519.
  • Koldijk, D.J., Het Bildts, zijn wezen, herkomst en problematiek - Een dialectgeografisch en historisch onderzoek, Ljouwert, 2004 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 19 755.
  • Oud, Anton Gerardus, Woa'deboek fan ut Amelands, Ljouwert, 1987, ISBN 9 06 17 16 73X.
  • Roggen, Cornelis, Wêdenboek fon et Aasters, Ljouwert, 1976 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 14 907.
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)