Springe nei ynhâld

Midslânsk

Ut Wikipedy
Midslânsk
algemien
eigen namme Meslânzers
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 500 (2009, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Midslânsk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal)

It Midslânsk (Midslânsk: Meslânzers) is in Hollânsk-Frysk mingdialekt dat sprutsen wurdt yn it sintrale diel fan it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân Skylge. It ûntstie troch de iuwenlange Hollânske oerhearsking fan Skylge, wêrby't it doarp Midslân as bestjoerssintrum de sterkste ynfloed fan 'e Hollânske bestjoerstaal ûndergie. It Midslânsk is fral nau besibbe oan it Amelânsk. Mei it Skylgersk en it Aastersk, de beide oare dialekten dy't op Skylge sprutsen wurde, bestiet folle minder besibskip, mei't dat Fryske taalfoarmen binne.

Hoewol't de taalkundige G.G. Kloeke al oan it begjin fan 'e tweintichste iuw riddenearre dat as West-Fryslân foarhinne Frysktalich west hie, dat de Waadeilannen dat dan perfoarst oarspronklik ek west hawwe moasten, waard dat net daliks oannommen. Noch yn 1934 oppenearre de Grinzer heechlearaar Klaas Heeroma, dy't sels fan Skylge ôfkomstich wie, dat syn eilân fan oarsprong Frankysk west hawwe moast, mei't hy grutte oerienkomsten seach tusken it Midslânsk en de dialekten fan Flylân, Teksel, Wieringen, Drechterlân (by Inkhuzen) en de Saanstreek. Nei syn idee hie dy dialektgroep neat mei it Frysk út te stean, en sels it Stedsk hie neffens him in hiel oare oarsprong. De beide ûntsjinsisber Frysktalige úteinen fan Skylge seach er as frij jonge koloanjes fan Friezen dy't oarspronklik út 'e Súdwesthoeke ôfkomstich wiene.

De lokaasje fan it Midslânske dialekt yn 'e provinsje Fryslân.

Tsjintwurdich is men fan betinken dat de oerienkomsten dy't Heeroma seach tusken it Midslânsk en de neamde Hollânske dialekten wier wol hout sniene, mar dat de ûnderlizzende oarsaak fan dy oerienkomsten no krekt it Fryske substraat is, dat it Midslânsk mei de Westfryske dialekten en it Saansk dield. Sadwaande slút de algemien oanfurde sjenswize fan hjoed de dei mear oan by Kloeke syn riddenaasje. Skylge moat oarspronklik hielendal ta it Fryske taalgebiet heard hawwe, mar waard ûnder de Midsiuwske Frysk-Hollânske Oarloggen yn 1396 troch Albrecht fan Beieren, de greve fan Hollân, beset, en kaam doe ûnder in Hollânsk bestjoer te stean dat oant 1942 duorje soe. Trochdat Midslân dêrby as bestjoerssintrum fungearre, wie dêr de ynfloed fan 'e Hollânske bestjoerstaal it grutst en binne Midslân en omlizzende doarpen en útbuorrens doe meitiid ferhollânske, krekt sa't dat op it Fryske fêstelân yn 'e stêden ek barde. Dat proses moat, nei't men tinkt, yn 'e sechstjinde iuw fierhinne syn beslach krigen hawwe.

Wat fierder oft men fan it bestjoerssintrum ôf kaam, wat lytser oft lykwols de ynfloed fan it Hollânsk wie, dat op 'e westlike en eastlike úteinen fan Skylge beholden de pleatslike dialekten harren Fryske karakter. Wol hie it Midslânsk op it eilân de funksje fan in soarte fan lingua franca, in algemiene omgongstaal, dy't net inkeld troch de Midslanners sels, mar likegoed troch de lju fan West en de Aastersen behearske waard. Op dy manear droech it Midslânsk by oan in ferhollânskingsproses dat ek yn 'e beide oare dialekten dúdlike spoaren neilitten hat.

It saneamde Witte Hús, yn Midslân.

It Midslânsk hat op Skylge gjin offisjele status of erkenning. Yn 'e provinsje Fryslân genietet it al in beskate erkenning, sij it offisjeel net as minderheidstaal, mar as "streektaal". Yn dy hoedanichheid wurdt it û.m. neamd yn 'e provinsjale Noata Streektalen 2004, as in taalfoarm wêrfan't it gebrûk befoardere wurde moat. Hoewol't yn Fryslân sûnt 1980 ûnderwiis fan it Frysk op 'e basisskoallen ferplichte is, hat de gemeente Skylge dêr frijstelling fan, en folje de skoallen op it eilân de sa frijkommen tiid yn mei lessen "hiemkunde", oer de Skylger kultuer. Der wurdt lykwols gjin spesifyk ûnderwiis yn it Midslânske dialekt fersoarge, ek al wurdt dat yn it oanbuorjende taalgebiet foar it Aastersk wol dien.

De bekendste skriuwer yn it Midslânsk wie Jo Smit (1916-1991), dy't yn Midslân hikke en tein wie ear't er mei tsien jier mei syn âlden nei Rotterdam ferfear. Yn Fryslân is er benammen bekend as Frysk skriuwer en lid fan 'e Fryske Beweging, mar hy skreau ek twa toanielstikken (Buuren en Sundrum) en in musical (An 'e Reis) yn it Midslânsk. Om 2004 hinne is der yn Midslân in wurkgroep oprjochte mei as doel om in alomfetsjende wurdlist fan it Midslânsk op te stellen. Teffens binne der (dizenige) plannen om earne yn 'e takomst ien grut wurdboek foar alle trije Skylger dialekten gear te stallen.

It earste wurdboek fan it Midslânsk, it Meslânzer Woardeboek, waard yn 2024 útjûn troch de Afûk. It projekt ûntstie op inisjatyf fan pinsjonearre hûsdokter Piet Smit út Lies, dy't deroer yn noed siet dat it Midslânsk, syn memmetaal, mei de âldere generaasje ferdwine soe. Hy stalde yn 2018 in wurkgroep gear dy't fjouwer âldere lju út it Midslânske taalgebiet bestie, dy't it dialekt allegearre goed yn 'e macht hiene. De bedoeling wie oarspronklik om in ienfâldige wurdelist oan te lizzen. Doe't foar stipe kontakt opnommen waard mei de Fryske Akademy yn Ljouwert, waard de wurkgroep oantrune om der in folweardich wurdboek fan te meitsjen, wêrby't as grûnslach it wurk nommen waard dat Jo Smit ein 1980-er, begjin 1990-er jierren al ferset hie. Fan 'e Akademy út naam taalkundige en leksikolooch Siebren Dyk de koördinaasje op him. Finansjele stipe kaam û.o. fan Schylge Myn Lântse (de kultuerhistoaryske feriening fan Skylge), en fan 'e Midslânsktalige doarpen op Skylge (fan Hee oant en mei Lies).[1] De feestlike presintaasje fan it Meslânzer Woardeboek fûn plak op tongersdei 14 maart 2024 yn kafee ’t Wapen van Terschelling te Midslân.[2]

Taalgeografy en sprekkers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Midslânsk wurdt fan âlds sprutsen yn 'e doarpen en útbuorrens Midslân, Baaidunen, Hee, Kaard, Kinnum, Landerum en Stryp, en teffens yn it westlike part fan it doarp Formearum. Dêrmei beslacht it de midden fan it eilân Skylge, wêrby't it oan 'e westkant grinzget oan it taalgebiet fan it Skylgersk (of Westersk), en oan 'e eastkant oan dat fan it Aastersk. Foarhinne waard de grins mei it Aastersktalige gebiet foarme troch It Jit, in paad dat yn 'e noard-súdrjochting dwers troch it doarp Formearum hinne rûn. Neffens de ferhalen koe men, rinnend oer It Jit, de eilanners oan 'e ien 'e kant Aastersk praten hearre en oan 'e oare kant Midslânsk. Tsjintwurdich wurdt it Midslânsk noch sprutsen troch nei skatting sa'n 500 minsken, dy't meast ta de âlderein hearre, sadat it tal sprekkers de lêste tsientallen jierren stadichoan tebek rint.

In strjitbyld yn Midslân.

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Midslânsk en it der nau mei besibbe Amelânsk waarden yn it ferline faak sjoen as dialekten fan it Stedsk, mar in ûndersyk út 2001, troch Mathilde Jansen, in taalkundige dy't ferbûn is oan it Meertens Ynstitút, hat útwiisd dat it Midslânsk relatyf sterk fan it Stedsk ôfwykt. Sa komme typysk Stedske foarmen, lykas burst ("boarst"), ("soe"), must ("moast") en durst ("doarst") yn it Midslânsk net foar. Mar teffens wykt it dúdlik ôf fan it Frysk, mei foarmen as peard, kyn en eeuwen (foar "hynder", "bern", resp. "jûn"), wêr't it Skylgersk hòrs (ferlykje it argayske Fryske wurd "hoars"), bòn en jong hat en it Aastersk hos, ben en joon.

It grutste ferskil fan it Midslânsk mei it Nederlânsk sit him yn 'e oanwêzichheid fan 'e hurde Fryske g (IPA: [ɡ]) en it bestean fan in folle wiidweidiger systeem fan lûden en twalûden, dat mear fan it Frysk wei hat as fan it Nederlânsk. Ek in protte wurden op it mêd fan it yntime ferkear, de fak- en bernetaal, topografyske nammen en persoanlike foarnamwurden lykas dou ("do"/"dû"), jij ("jo") en jim ("jimme") binne yn it Midslânsk fryskich bleaun.

Datselde is it gefal mei it weromwurkjend foarnamwurd, dêr't it Midslânsk, krektlyk as it Frysk, gjin aparte foarm foar hat: Jan herinnert um dat verhaal wel ("Jan kin him dat ferhaal wol tebinnenbringe"), yn tsjinstelling ta it Nederlânske: Jan herinnert zich dat verhaal wel. Ek de sinskonstruksje is it Frysk it neist, mei foarmen as: Ik vind dat elkenien swemme kanne mòt ("Ik fyn dat eltsenien swimme kinne moat"), yn tsjinstelling ta it Nederlânske: Ik vind dat iedereen moet kunnen zwemmen.

Fierders hat der yn it Midslânsk (krekt as yn it Amelânsk sa't dat noch troch de âlderein sprutsen wurdt) gjin einûntstimming plakfûn. Dat wol sizze dat stimhawwende bylûden oan 'e ein fan wurden stimhawwend bliuwe, en net, lykas yn it Frysk en it Nederlânsk, harren stimhawwendheid ferlieze. Dus wurden as hoêd ("hoed") en bêd ("bêd") wurde útsprutsen mei in d oan 'e ein, krekt as yn it Ingelsk, en net mei in t-klank, lykas yn it (moderne) Frysk en it Nederlânsk. Krektsa behâlde wurden as krab ("krab"), fraag ("fraach"), briiv ("brief") en gânz ("goes") yn wurdeinige posysje de stimhawwende b, g fan "bûge", v, resop. z. Dyselde útspraak kaam yn earder iuwen ek foar yn it Frysk en it Nederlânsk, dat it is yn it Midslânsk gjin ynfloed fan it Ingelsk, mar in oerbliuwsel út it ferline dat yn oare talen weiwurden is.

Klankynventaris

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(Boarne: Meslânzer Woardeboek, Ljouwert (Afûk), 2024, ISBN 978-9 49 33 18 250, s. 20–36.)

koarte lûden
Midslânske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
a [a] pak ("pak"), bramme ("skreauwe") de koarte a fan "kap"
a [ɒ] kat ("kat"), salle ("sille") in klank dy't de midden hâldt tusken de koarte a fan "kap" en de koarte o fan "hok", spesifyk de koarte a fan "kap" útspr. mei rûne lippen; komt inkeld foar as allofoan fan 'e 'gewoane' koarte a wannear't dy folge wurdt troch d, t, l, n of s
à [aʲ] hàst ("hast", "benei"), fàndel ("findel"), Ànne ("Anne", foarnamme) in palatalisearre ("ôfknypte") foarm fan 'e koarte a fan "kap", wêrby't de tonge by it útsprekken omheech giet nei it ferwulft; bekend fan 'e útspr. yn it Amsterdamske stedsdialekt fan "man", suver as wurdt de fokaal folge troch in lichte j-klank
e / è [ɛ] met ("mei"), fechte ("fjochtsje"), dèr ("dêr") de koarte e fan "lek"; allinnich as der misferstannen foarkomme kinne stavere as mei in klamteken (è)
e / u [ǝ] de ("de"), un ("in") de sjwa of stomme e fan "gewoan"
i [ɪ] ik ("ik"), bitter ("bitter") de koarte i fan "pit"
y [i] dyk ("dyk"), yder ("elts") de koarte i fan "bite"; ek yn iepen wurdlidden mei in y skreaun
o [o] bok ("bok"), besonder ("bysûnder") de koarte o fan "bok"
ò [oʲ] mòt ("moat"), lòt ("loarte", "keutel") in palatalisearre ("ôfknypte") foarm fan 'e koarte o fan "bok", wêrby't de tonge by it útsprekken omheech giet nei it ferwulft; bekend fan 'e útspr. yn it Amsterdamske stedsdialekt fan "(hij) mot", suver as wurdt de fokaal folge troch in lichte j-klank
o [ɔ] rok ("kok"), plokke ("plôkje") de koarte o fan "hok"
ò [ɔʲ] pòrsje ("poarsje"), tòrne ("toarnje"), tònnebank ("toanbank") in palatalisearre ("ôfknypte") foarm fan 'e koarte o fan "hok", wêrby't de tonge by it útsprekken omheech giet nei it ferwulft; bekend fan 'e útspr. yn it Amsterdamske stedsdialekt fan "pot", suver as wurdt de fokaal folge troch in lichte j-klank
oe [u] oek ("ek"), koes ("hoas") de koarte û fan "rûch"
u [œ] kurv ("koer"), guster ("juster") de koarte u fan "put"
ú [y] púst ("pûst"), búten ("bûten"), parreplú ("paraplu") de koarte ú fan "tút"
lange lûden
Midslânske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
aa / a [a:] maan ("moanne", himellichem), aardeg ("aardich") de lange a fan "baas"; yn iepen wurdlidden ferinkele
â [ɒ:] bâl ("bal"), blâd ("blêd"), strând ("strân") in klank dy't de midden hâldt tusken de lange aa fan "baas" en de lange ô fan "nôt", spesifyk de lange aa fan "baas" útspr. mei rûne lippen; komt inkeld foar as allofoan fan 'e 'gewoane' lange a wannear't dy folge wurdt troch d, t, l, n of s
ee / e [e:] eek ("jittik"), ewen ("even") de lange e fan "feest"; yn iepen wurdlidden ferinkele
ê [ɛ:] bêd ("bêd"), mêm ("mem"), sêge ("sizze") de lange ê fan "rêst"
eu [ø:] neus ("noas"), eulef ("famkesûnderguod") de eu fan "deun"
[ʌ:] meûlen ("mole"/"mûne"), keûkslok ("prikkeltsjebier", Ned. gazeuse) de lange eu fan Nederlânsk freule of it earste part fan 'e twaklank 'ui' (dus sûnder de folgjende i-klank) lang oanholden
ii [i:] briiv ("brief"), diip ("djip"), wiize ("wize") de lange i fan "wiid"; ek yn iepen wurdlidden as "ii" skreaun
oo / o [o:] rook ("reek"), roop ("tsjoar"), kedoo ("kado") de lange o fan "rook"; yn iepen wurdlidden ferinkele, mar yn wurdeinige posysje bliuwt de ferdûbeling stean
ô [ɔ:] dôbe ("poel"), pôle ("hea-opper") de lange ô fan "nôt"
uu [y:] druuf ("drúf"), tsjuut ("tjirk"), kluuwe ("kluwe") de lange ú fan "drúf"; yn iepen wurdlidden mei ú stavere, yn tichte mei uu
twalûden
Midslânske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
aai [a:i̭] waaie ("waaie"), schaai ("skaai", "soarte") de aai fan it Wâldfryske "saai"
aauw [aːṷ] blaauw ("blau"), daauw ("dau"), raauw ("rau") de au fan "gau", mar mei in lange a-klank oan it begjin
ai [ai̭] maik ("maaits"), Aike (jongesnamme) de ai fan it Wâldfryske "laitsje"
au(w) (ek ou(w), sjoch dêr) [aṷ] autoo ("auto"), saus ("saus") de au fan "gau"
ea [ɪ.ǝ] ear ("jerk"), dean ("dien"), scheare ("skeare") de ea fan "lean"
eeuw [ɪ.ṷ] eeuwen ("jûn"), greeuwen ("greauwen") de i fan "pit" wat langer oanholden en folge troch de û fan "rûch"
ei (ek ij, sjoch dêr) [ɛ.i̭] ein ("ein", fûgel), reid ("reid"), reis ("reis") de ei fan it Wâldfryske "dei"
eu [ø.ǝ] keure ("keure"), seur ("seur") de eo fan "freon" of eu fan "beurt"; komt inkeld foar folge troch in r
ie [i.ǝ] twie ("twa"), stien ("stien") de ie fan "wiet"
ij (ek ei, sjoch dêr) [ɛ.i̭] frij ("frij"), blij ("bliid"), krije ("krije") de ij fan "bij"
yuw [i.ṷ] kyuw ("kiuw"), wyuwk ("wjuk") de iuw fan "iuw" of "Siuw"
oa [o.ǝ] boat ("boat"), oast ("east"), foar ("foar") de oa fan "noat"; as dizze klank folge wurdt troch dintale konsonanten (lykas d en t), wurdt er wat palatalisearre en komt der in lichte j-klank efteroan; it Midslânske boat hat dan ek in justjes oare útspraak as it Fryske "boat"
oê / oe [u.ǝ] stoêl ("stoel"), koê ("ko"), boer ("boer") de oe fan "goed"; foarôfgeand oan in r stavere sûnder breedteken
ôe [ɔ.ǝ] fôele ("fôle"), bôerne ("boarne", tiidwurd) de ô fan "nôt", folge troch in sjwa (e fan "gewoan"); komt net yn it Standertfrysk foar, mar sa wurdt de ô almeast útsprutsen yn it noardlike Klaaifrysk
oai [o:i̭] stroai ("strie") de oai fan "moai"
oei [ui̭] poeier ("poeier"), knoeie ("grieme") de oei fan "roeie"
oi [oi̭] foi ("fuoi") de oi fan "hoi"
ou(w) (ek au(w), sjoch dêr) [aṷ] frouw ("frou"), hout ("hout") de ou fan "tou"
ui [ʌi̭] ui ("sipel"), bui ("bui"), lui ("loai") de ui fan "bui"
uu / u [y.ǝ] suur ("soer"), uren ("oeren") de ue fan "flues"; komt inkeld foar folge troch in r; yn iepen wurdlidden ferinkele
nasalisearre lûden
Midslânske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
Nasalisearre klanken komme yn it Midslânsk, lykas yn it Frysk, inkeld foar as in fokaal folge wurdt troch in -n- en dan in -s. De n-klank rekket dan automatyske nasalisearre.
ân [ɒ̃ː] dâns ("dûns", ritmyske beweging), Meslânzer ("Midslânsk") in nasalisearre lange klank dy't tusken in nasalisearre lange aa fan "baas" en in nasalisearre ô fan "nôt" yn sit; spesifyk de aa fan "baas" útsprutsen mei rûne lippen en nasalisearre
ên [ɛ̃ː] bênsel ("bynsel"), fênster ("finster"), sênze ("sinzgje", "skroeie") de nasalisearre ê fan "bêd"
iin [ĩː] sliinsk ("slynsk"), kiins ("demint", "bernsk"), útfiinsel ("útfynsel") de yn fan "hynst"
în [ɪ̃ː] mîns ("minske"), grînz ("masker") de nasalisearre lang oanholden i fan "pit"
oên [u͠ːə] woênsdag ("woansdei") de nasalisearre oe fan "goed"
ôn [õː] "anmônstere ("oanmeunsterje"), fergônze ("fersjen") de nasalisearre lang oanholden o fan "bok", lykas yn it Frânske onze
ûn [œ̃ː] kûnst ("keunst"), gûnst ("geunst") de nasalisearre lang oanholden u fan "put"
Bylûden
Midslânske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
b / bb [b] boek ("boek"), abbeseare ("avensearje"), krêb ("rip", foerstek foar hea, kuil, gers, ensfh.) b fan "bêd"; de útspraak bliuwt ek yn wurdeinige posysje hanthavene
ch [x] lache ("laitsje"), kachel ("kachel"), sacht ("sêft") ch fan "troch"; komt yn it Midslânsk (likemin as yn it Frysk) nea foar yn wurdinisjale posysje, mar ek net yn wurdeinige posysje; allinnich midden yn wurden
d / dd [d] dag ("dei"), ledder ("ljedder"), hoêd ("hoed") d fan "doel"; de útspraak bliuwt ek yn wurdeinige posysje hanthavene
f / ff [f] fel ("fel", hûd), begraffenis ("begraffenis"), "staf ("ferjitlik") f fan "fol"
g / gg [ɣ] grieme ("grieme"), diggel ("diggel"), fraag ("fraach") g fan "drage"; de útspraak bliuwt ek yn wurdeinige posysje hanthavene
h [h] halv ("heal"), hond ("hûn") h fan "hout"
j [j] jaar ("jier" en "jaar"), jong ("jong") j fan "jas"
k / kk [k] kalv ("keal", jonge ko), pakke ("pakke"), stok ("stôk") k fan "kat"
l / ll [l] lând ("lân"), bolle ("bolle"), bâl ("bal") l fan "lok"
m / mm [m] mús ("mûs"), hammer ("hammer"), bezem ("biezem") m fan "mar"
n / nn [n] nild ("nulle"), honnen ("hûnen"), dean ("dien" n fan "nekke"
ng [ŋ] hyngst ("hynst"), dingesdag ("tiisdei") ng fan "ding"
nk [ŋk] bank ("bank"), anker ("anker") nk fan "fink"
p / pp [p] pyn ("pine"), snappe ("snappe"), raap ("raap") p fan "pet"
r / rr [r] read ("ried"), karre ("jûkje"), oar ("ear", lichemsdiel) r fan "rak"
s / ss [s] see ("see"), rosse ("rosse"), hús ("hûs") s fan "sâlt"
sch [sx] scheev ("bryk"), schòrstien ("skoarstien") sch fan fan it Nederlânske school; dit is de Midslânske ekwivalint fan 'e Standertfryske sk, dy't yn it Midslânsk alhiel ûntbrekt
sj [ʃ] sjoêl ("tin wetterich sop", "sloppe drank"), sjouwe ("sjouwe") sj fan "sjippe"
t / tt [t] toad ("drûge kowedong"), sette ("sette"), út ("út") t fan "tosk"
tsj [ʧ] tsjêb ("tsjêf"), tsjuut ("tjirk") tsj fan "tsjerke"
v [v] halv ("heal"), schroev v fan "weve"; komt (lykas yn it Frysk) nea foar yn wurdinisjale posysje, mar krekt wol yn wurdeinige posysje; by ferlinging fan it wurd wurdt dizze klank fuortsterke ta in w (en ek sa stavere): halwe, schroewen
w / ww [ʋ] was ("wask" en "waaks"), hewwe ("hawwe"), briiwen ("brieven") w fan "wat"
w [w] kwaad ("lulk"), swele ("swylje") w fan "skowe"
z / zz [z] weze ("wêze"), húzen ("huzen"), gânz ("goes") z fan "tûzen"; komt yn it Midslânsk (lykas yn it Frysk) nea foar yn wurdinisjale posysje, mar krekt wol yn wurdeinige posysje, mei behâld fan 'e útspraak
Droogte
Der sit gin water in 'e bakken
Der sit gin water in 'e pet
De droogte het ons raar te pakken
De mînsen sitte der maar met
Iderien is schoan ferlegen
De hele boêl lykt wel fermoogd
De boeren janke nou om regen
Hòr sead en gers 't is allegaar ferdroogd.
Allieneg fòr de badgast is et moai
Dy kan op strând mar see in
Mar wij – wij krupe mar te koai
En hewwe braaf de P. in
—Jo Smit

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bies, Goos, Terschellinger dialect gered, yn: de Ljouwerter Krante, 9 maart 2024, s. 23.
  2. Meslânzer Woardeboek op 'e webside fan Schylge Myn Lântse, kuluerhistoaryske feriening fan Skylge.

Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)