Siebren Dyk
Dr. Siebren Dyk (It Hearrenfean, 1953) is in Nederlânsk taalkundige. Hy studearre Nederlânsk yn Grins en Frysk yn Amsterdam.
Fan 1981 oant syn pensjoen yn 2019 wied er as leksikograaf/taalkundige ferbûn oan de Fryske Akademy yn Ljouwert. De earste tiid folslein as redakteur fan it Grut Wurdboek fan de Fryske Taal. (In wittenskiplike beskriuwing fan de wurdskat fan it Frysk fan nei 1800) Geandewei ferleinen syn aktiviteiten har yn mear grammatikale rjochting, wat ûnder oare resultearre yn syn proefskrift Noun Incorporation in Frisian (1997). Dyk hat in bysûndere belangstelling foar it meast noardlike dialekt fan it Frysk, it Skiermûntseagersk. Yn 2016 wie Dyk mei (postúm) Anton Oud ferwantwurdlik foar it Groat Amelander Woa'deboek, dat by de Fryske Akademy útjûn waard.
Teffens wie Dyk yn 'e mande mei Gosse Blom en Wiebe Zoethout skriuwer fan it Graet Hylper Wordebook ('Grut Hylpersk Wurdboek') dat yn maart 2019 ferskynde.
Dyk wie teffens redakteur fan it tydskrift foar frisistyk Us Wurk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |