Springe nei ynhâld

Wurdskat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Leksikon)

De wurdskat of it leksikon is it gehiel fan alle wurden en útdrukkings fan in taal. Sa'n wurdskat wurdt fêstlein yn wurdboeken, en it skriuwen fan in wurdboek hjit fan leksikografy. De stúdzje nei de wurdskat sels wurdt leksikology neamd. In netwurk fan semantysk besibbe leksikale lemma's, lykas alle wurden foar fruchten of alle nammen fan kleuren, neamt men in leksikaal fjild. Yn 'e psycholinguistyk wurdt alles dat in persoan oer syn of har taal wit, it mentale leksikon neamd, wylst de stúdzje fan 'e psychology fan 'e betsjuttings dy't oan wurden ferbûn wurde wol de psycholeksikology hjit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 197-198.