Hee

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Hee is in doarp op Skylge. Hee leit tusken Midslân en West-Skylge. Benoarden Hee leit in lyts dúnmarke. Op 1 jannewaris 2005 hie it plakje 33 ynwenners

Hee bestiet út in rychje pleatsen, dêr't de meast fan ferboud binne foar rekreaasje. Oan de binnendúnrâne siet de âlde pleats De Pidde. Under Hee falle in stik of wat grutte kempings en rekreaasjeterreinen om it Dúnmarke yn de binnendúnrâne.

Gea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under Hee falt ek it reservaat de Koaiboskjes, yn behear by Steatsboskbehear. Dit natuerreservaat bestiet út healannen, elzesingels en elze-hakhoutboskjes. De healannen wurde ien kear yn't jier meand. Seldsume plantesoarten dy't der foarkomme binne: Kaaiblommen, Sompefioeltsje (Viola palustris), Trijeblêd (Menyanthes trifoliata), Stjersigge (Carex echinata), Snaffelsigge (Carex rostrata), Weewoartel (Potentilla erecta), Trijenervige sigge (Carex trinervis), Dubelde sigge (Carex disticha) en Apehier of Holpiip (Equisetum fluviatile).

  • Boarne: Gemeentegids Skylge ( 2005 - 2006 ).