Springe nei ynhâld

Westbiltsk

Ut Wikipedy
Westbiltsk
algemien
eigen nammeWestbildts
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers? (gjin gegevens)
skriftLatynsk alfabet
taalsibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  Germaansk
    Westgermaansk
      Súdwestgermaansk
        Nederfr.-Nedersaks.
          Nederfrankysk
            Nederlânsk
              Hollânsk
                Hollânsk-Frysk
                  Biltsk
                    Westbiltsk
dialektengjint

It Westbiltsk is de foarm fan it Biltsk, sa't dat sprutsen wurdt yn it westlike part fan 'e Nederlânske gemeente It Bilt, dy't ta de provinsje Fryslân heart. It taalgebiet fan dit dialekt omfiemet benammentlik de doarpen Westhoek en Sint Jabik, wylst Sint Anne en Nij-Altoena in tuskenposysje ynnimme tusken it Westbiltsk en it Eastbiltsk. It Westbiltsk ûnderskiedt him fan it Eastbiltsk trochdat de ynfloed fan it Frysk yn it easten fan it Bilt iuwenlang folle sterker west hat as yn it westen. It Westbiltsk is dus de "suverste" foarm fan it Biltsk, om it samar te neamen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Buwalda, H.S., Buwalda, S.H., en Burg, A.C.B. van der, Woordeboek fan 't Bildts, Ljouwert, 1996 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 309.
Talen en Dialekten yn Fryslân
FryskAastersk Hylpersk Klaaifrysk (Bjirmsk) Molkwardersk  Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk Westnoardhoeksk) Skiermûntseagersk Skylgersk Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) Wâldfrysk (Westereindersk)
HollânskHollânsk-FryskAmelânsk (Eastamelânsk Westamelânsk) Biltsk (Eastbiltsk Westbiltsk) Midslânsk Stedsk (Boalsertersk Dokkumersk Feanstersk  Frjentsjertersk Harnzersk Kollumersk Ljouwertersk Snitsersk Starumersk)
Westfrysk           Flylânsk 
Nedersaksysk  Kleastersk Pompstersk Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk Gitersk  Haadstellingwerfsk Kúndersk Westhoeksk) Westerkertiersk (Kollumerlânsk)