Springe nei ynhâld

Sint-Anne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint Anne)
Sint-Anne
Alde gemeentehûs
Alde gemeentehûs
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 4.920 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 26,36 km², wêrfan:
- lân: 26,24 km²
- wetter: 0,12 km²
Befolkingsticht. 186 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 16' N 5° 39' E
Offisjele webside
Pleatslik Belang Sint-Anne
Kaart
Sint-Anne (Waadhoeke)
Sint-Anne

Sint-Anne of St.-Anne (Frysk en Biltsk) is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Sint-Anne leit noardlik fan Berltsum, eastlik fan Sint-Jabik, westlik fan Froubuorren en besuden Nij Altena. De doarpskearn leit om de krúsing fan de Steatenwei, Steedhâlderswei, Van Harenstrjitte en Warmoesstrjitte.

De buorskippen Stêd-Niks en De Oasthoek (lyts diel) hearre ek by Sint-Anne. Earder hearde Nij Altena ek by Sint-Anne, mar dat is sûnt 2006 in selsstannich doarp.

Sint-Anne hat 4.920 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Sint-Anne waard stifte doe't It Bilt yn 1505 bedike waard. De earste namme dy't it doarp krige fan de earste bewenners wie "Altoenae", ferneamd nei it plak dêr't de nije bewenners wei kamen. It buorskip Nij Altoenea benoarden Sint-Anne referearret noch oan de oarspronklik brûkte namme fan it haaddoarp. Altoenea foarme mei de doarpen der omhinne katolike parochy's, wêrtroch't de nammen dêrfan al gau oergienen op de doarpen. "Altoenea" is úteinlik ferneamd nei de hillige Anna, de mem fan Marije en krige de namme "Sint-Annaparochy".

It doarp krige in houten tsjerke mei in tek fan strie. It bisdom wegere fanwege de brekfalligens fan it gebou de tsjerke yn te wijen en it houten gebou waard ferfongen troch in tsjerke dy't nei alle gedachten de foarm hie fan in gryksk krús. Yn dy tsjerke troude Rembrandt van Rijn yn 1634 mei Saakje fan Uylenburg. As oantinken dêroan stiet by de tsjerke in brûnzen byld.

Sûnt 2018 leit Sint-Anne yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente It Bilt. Sint-Anne hat altyd it haadplak west fan It Bilt.

Van Harenstsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Van Harentsjerke
De Wikipedy hat ek in side Van Harenstsjerke.

Yn 1682 waard de foargonger ferfongen troch in achthoekige tsjerke, de Van Harenstsjerke. Efter de tsjerke slút de grêfkapel (1688) fan de famylje Van Haren oan. De koperen doarren nei de grêfkapel binne in geskink fan de Sweedske kening Karel X Gustaaf. De yn 1700 setten, ryk fersierde preekstoel fan houtsnijwurk komt út Dútslân.

It oargel is yn 1727 boud troch de Dútser Johannes Radeker, fan Danzig, en wie learling en masterfeint fan ûnder oaren Arp Schnitger en Christiaan Müller. De lêste boude it oargel yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert en it oargel yn de Haarlimse Grutte of Sint-Bavotsjerke. It Radekeroargel is skonken troch Willem van Haren (dêr't it Museum Willem van Haren op It Hearrenfean nei ferneamd is) en frouwe Rixt van Andrea.

Middelwei-West 160

It multyfunksjoneel sintrum fan Sint-Anne hjit 'Ons Huis'. De doarpskrante hjit 'De Pot en Pan van Sint-An'. Sûnt 2017 wurdt alle jierren op in sneon yn septimber yn it doarpssintrum fan Sint-Anne it muzykfestival Waadrock holden. De Biltske Slach is it sportsintrum fan Sint-Anne. Ynwenners fan Sint-Anne wurdt tradisjoneel foar rapekoppen útmakke.[3]

Gideontsjerke
Pleats Middelwei-East 157

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1744 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013
Ynwenners 1137 2.421 3756 3697 3879 2448 2316 3990 4006
Jier 2015 2020
Ynwenners 3971 4892

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Berne yn Sint-Anne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It rymke ""Een pot en een pan is het wapen van Sint-An" hat de basis west fan it doarpswapen. Ek waard it famyljewapen fan Van Haren, de eardere grytman deryn ferwurke.

Stedhâlderswei

Alle strjitten yn Sint-Anne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker.