Kristlik Biltsk Manljuskoar

Ut Wikipedy
Kristlik Biltsk Manljuskoar
Christelijk Bildts Mannenkoor
algemiene ynformaasje
ôfkoarting CBM
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd koar
fêstige yn Sint-Anne (Fryslân)
oprjochte 1969
tal leden 50 (2019)
offisjele webside
www.bildtsmannenkoor.nl

It Kristlik Biltsk Manljuskoar (Nederlânsk en offisjeel: Christelijk Bildts Mannenkoor) is in Frysk koar op kristlike grûnslach út Sint-Anne.[1][2][3] De feriening waard yn 1969 oprjochte en fierde sadwaande yn 2019 syn fyftichjierrich bestean.[1][2][3] De leden komme net inkeld út Sint-Anne, mar ek út 'e oare doarpen fan It Bilt, en dêropta binne der guon dy't yn Minnertsgea, Hallum, Baaium en Bitgummole wenje.[2] Om lid fan it koar te wurden, hoecht men net beslist kristlik te wêzen, en it rippertwaar fan it koar omfiemet behalven kristlike hymnen ek musicalferskes en moderne lieten.[2]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 febrewaris 1969 waard op inisjatyf fan in tal sangleafhawwers út Sint-Anne yn 'e doetiidske grifformearde tsjerke yn it doarp in sjongjûn organisearre mei in optreden fan it Seisbierrumer Manljuskoar. De bedoeling wie, om te sjen oft der genôch animo yn Sint-Anne en de oare doarpen fan It Bilt wie om in eigen manljuskoar op te rjochtsjen. Dyselde jûns noch joegen har njoggentjin manlju op, wat as mear as genôch beskôge waard om útein te setten.[1][3] Sadwaande waard it Kristlik Biltsk Manljuskoar op 12 febrewaris 1969 oprjochte. Dy jûns krigen alle njoggentjin leden de opdracht om der ien lid by te sykjen, sadat nei de simmerfakânsje begûn wurde koe mei rippetearjen.[1]

It is it fernijen wurdich dat seis fan 'e njoggentjin oprjochters anno 2019 noch altyd lid binne fan it koar.[1] It hichtepunt berikte it Kristlik Biltsk Manljuskoar yn 'e 1970-er jierren, doe't der 75 leden wiene.[2][3] Yn 2019 wiene der persiis 50 leden.[2] It fyftichjierrich jubileum waard op sneon 9 febrewaris 2019 fierd mei in sjongmiddei yn 'e Gideontsjerke yn Sint-Anne. De festiviteiten waarden sneins (de folgjende deis) beëinige mei in tanktsjinst yn itselde tsjerkegebou, dêr't njonken it koar sels ferskate muzikanten oan meiwurken.[1][3]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 ——, Gouden jubileum voor Christelijk Bildts Mannenkoor, yn: van Wad tot Stad, 29 jannewaris 2019, s. 13.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 Grosso, Maria del, Blije mensen van Bildts mannenkoor, yn: de Ljouwerter Krante, 6 febrewaris 2019, s. 29.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 Linden, Martine van der, "Het concert wordt knallen", yn: de Frjentsjerter Krante, 6 febrewaris 2019, s. 15.