Sint-Anne
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | De Waadhoeke | ||||
Ynwennertal (2022) | 4.886 | ||||
Webstee | Webstee It Bilt |
Sint-Anne, gauris skreaun as St. Anne, (Biltsk: Sint-Anne; Nederlânsk en offisjeel: Sint-Annaparochie) is in doarp benoarden Berltsum yn 'e Fryske gemeente De Waadhoeke. It leit likernôch yn 'e midden fan It Bilt, in histoaryske lânstreek dy't oarspronklik de (ynpoldere mûning fan 'e Middelsee wie. Foàr de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde Sint-Anne iuwenlang ta de selsstannige gemeente It Bilt, dêr't it it haadplak fan wie. Op 1 jannewaris 2010 hie Sint-Anne 4.395 ynwenners. Dêrmei is it it op ien nei grutste plak yn De Waadhoeke, nei de stêd Frjentsjer.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Anne waard stifte by de bediking fan It Bilt, yn 1505. De earste namme dy't it doarp krige fan bewenners dy't it gebiet as earsten bewennen wie "Altoenae", ferneamd nei in plak wêr't de bewenners fan it nije gebiet wei kamen. It buorskip Nij Altoenea benoarden Sint-Anne is in oarspronklike namme dy't noch refereart oan de oarspronklik brûkte namme fan it haaddoarp. Altoenea foarme mei de doarpen der omhinne katolike parochy's, wêrtroch't de nammen dêrfan al gau oergienen op de doarpen. "Altoenea" is úteinlik ferneamd nei de hillige Anna, de mem fan Marije en krige de namme "Sint-Annaparochy".
Van Harenstsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Kenmerkend is it achthoekige tsjerkegebou - de Van Harenstsjerke - yn it midden fan it doarp, út 1682. Op dit plak, yn it doetiidske tsjerkegebou, troude Rembrandt van Rijn yn 1634 mei Saakje fan Uylenburg. In brûnzen byld stiet hjir as oantinken. Efter de tsjerke stiet de grêfkapel (1688) fan de famylje Van Haren. De koperen doarren nei de grêfkapel binne in geskink fan de Sweedske kening, Gustaaf Adolf. De yn 1700 setten, ryk fersierde preekstoel fan houtsnijwurk komt út Dútslân. It oargel is yn 1727 boud troch de Dútser Johannes Radeker, fan Danzig, en wie learling en masterfeint fan ûnder oaren Arp Schnitger en Christiaan Muller. De lêste boude it oargel yn de Grutte of Jacobinertsjerke fan Ljouwert en it oargel yn de Haarlimse Grutte of St Bavotsjerke. It Radekeroargel is skonken troch Willem van Haren (dêr't it Museum Willem van Haren op It Hearrenfean nei ferneamd is) en frouwe Rixt van Andrea. Yn de foarrinder fan dizze tsjerke dy't op itselde stee stie, troude op 22 juny 1634 de keunstskilder Rembrandt van Rijn mei Saakje fan Uylenburg. As oantinken hjiroan stiet in brûnzen byld foar de tsjerke.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Anne hat twa basisskoallen: de kristlike "Slotschool" en de iepenbiere "'t Fonnemint". De Biltske Slach is it sportsintrum fan Sint-Anne.
Sûnt 2017 wurdt elts jier op in sneon yn septimber yn it doarpssintrum fan Sint-Anne it Waadrock Festival holden, in muzykfestival.
Ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- SGK47 - hânbal
- BTC - tennis
- De Skelp - swimmen
- Drie spul is út - keatsen
- VoVeSa - folleybal
- De Molenruiters - hynsteriden
- Fuotbalferiening Sint-Anne - fuotbal
- Skeelerferiening Slykrôlers - skeelerjen
- De Bútsoekers- shantykoar
- Kristlik Biltsk Manljuskoar - manljuskoar
Berne yn Sint-Anne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Johannes Potter van Loon (1800), abbekaat
- Hartman Sannes (1890), histoarikus
- Tjebbe Walburg (1913), politikus
- Jasper Keizer (1931), publisist
- Flip Soolsma (1947), keatser
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alle strjitten yn Sint-Anne.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |