Waadrock Festival

Ut Wikipedy
Waadrock Festival
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Sint-Anne
holden yn it doarpssintrum
tiid fan it jier 1e helte septimber
bysûnderheden
soarte evenemint muzykfestival
sjenre popmuzyk
bestean 2017 – no
offisjele webside
it Waadrock Festival op Facebook

It Waadrock Festival (de namme ferwiist nei de gemeente De Waadhoeke) is in muzykfestival dat elts jier op in sneon yn 'e earste helte fan septimber organisearre wurdt yn it Fryske doarp Sint-Anne, op It Bilt. De earste edysje fan it evenemint wie yn 2017. Mei't it yn it sintrum fan it doarp holden wurdt, duorret it, om jûns gjin lûdsoerlêst foar de Sint-Ansters te feroarsaakjen, fan 14.00 oere middeis oant 20.00 oere jûns.

Op it Waadrock Festival wurdt de muzyk benammen fersoarge troch bands en muzikanten út It Bilt en omkriten. Yn 2018 wiene der optredens fan û.o. de JB&R Bluesband, Frost, Timber, BlackFire en Wieke Rocks.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: