Jakobinertsjerke

Ut Wikipedy
Grutte of Jakobinertsjerke
bouwurk
De westside fan de Jakobinertsjerke yn 2014
De westside fan de Jakobinertsjerke yn 2014
lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje flagge fan Fryslân Fryslân
Gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
adres Jacobijnerkerkhof 95
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerkegebou
subtype Eardere kleastertsjerke
boujier 1275-1310
boustyl Goatysk
offisjele webside
Webstee


De Jakobinertsjerke, as de Grutte Tsjerke, yn Ljouwert is de grutste fan de Midsiuwske tsjerken yn de stêd. It goatyske bouwurk waard by de Reformaasje omboud ta protestantske tsjerke en ferlear har alters en in soad fan de fersierings. De tsjerke is noch altyd yn gebrûk by de protestantske gemeente.

De tsjerke waard tusken 1275 en 1310 boud as ûnderdiel fan in dominikanekleaster en waard letter fergrutte. De brede súdlike sydbeuk waard pas yn de lette 15e iuw byboud, wylst it skiip begjin 16e iuw mei in travee ferlinge waard.

De yn Ljouwert en Grins residearende Steedhâlders fan Fryslân en Grinslân hienen sûnt 1591 ûnder it koer fan de Jakobinertsjerke yn Ljouwert in grêfkelder dy't tusken 1640 en 1696 fergrutte waard. Yn de grêfkelder fan de Fryske Nassau's, de greven fan Nassau-Dietz, waarden tusken 1623 en 1765 tsien lykkisten bysetten. Yn de kapel boppe de kelder stienen noch ris seis kisten. By de omwinteling fan 1795 waarden de kisten en grêfmonuminten fernield.

Yn de tsjerke sit in haadoargel fan de ferneamde oargelbouwer Christian Müller, út 1727. By it iepeningskonsert fan de simmerkonsertrige fan 2010 is in Metzler-kistoargel yn gebrûk naam.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Muziekredactie, 2010, Grote Kerk Leeuwarden neemt Metzlerorgel in gebruik Reformatoarysk Deiblêd 1 july 2010, URL sjoen 2 july 2010.