Grêfkelder fan de Fryske Nassaus
De yn Ljouwert en Grins residearjende Steedhâlders fan Fryslân en Grinslân hienen sûnt 1591 ûnder it koar fan de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert in grêfkelder dy't yn 1640 en 1696 útwreide waard. Yn de grêfkelders fan de Fryske Nassaus, de greven fan Nassau-Dietz, waarden tusken 1623 en 1765 tsien lykkisten byset. Yn de kapel boppe de kelder stiene nochris seis kisten.
De earste bysetting wie de frou fan Willem Loadewyk,
- Anna fan Oranje, dochter fan Willem fan Oranje en Anna fan Saksen.
dêrnei folgen
- Willem Loadewyk sels
- Ernst Casimir
- Twa jong ferstoarne dochters fan Ernst Casimir en Sophia Hedwig
- Hindrik Casimir I
- Willem Freark
- Albertine Agnes
- Sophia Hedwig fan Brunswyk
De kelder wie no fol. Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau, widdo fan Hindrik Casimir II liet de kelder yn 1696 útwreidzje mei in twadde romte. Dy koe net brûkt wurde want se stie al fol wetter. Dêrom waard yn oerlis mei it gemeentebestjoer keazen foar it boppegrûns bysetten fan Hindrik Casimir II. It koar of "barehock", yn feite in romte rjochts fan it koar fan de tsjerke, soe no in "choor of sepulture voor de Fürstelijke en Doorluchtige familie" wurde. De kisten waarden boppe de grûn bewarre lykas dat yn Denemark en Noard-Dútslân wol mear dien waard. Sa waarden de kisten fan
- Hindrik Casimir II
- Amalia
- Sophia Wilhelmina
- Johan Willem Georg Friso
- Johan Willem Friso
- Marie Louise fan Hessen-Kassel
yn de kapel setten.
Yn 1795 waard Fryslân, teminsten yn de eagen fan de patriotten, fan it jok fan de Oranjes en harren aadlike klyk befrijd. It gewest folge no it foarbyld fan it revolúsjonêre Frankryk. It stedsbestjoer fan Ljouwert feroardere dat "alle distinctieve eeretekenen en wapenborden als onbestaandbaar met gelijkheid en vrijheid moeten worden weggenomen". Op 1 augustus sloegen boumaster Stapert en stienhouwer Feyens it grêfmonumint fan Willem Loadewyk fan Nassau-Diez en dat fan Anna fan Oranje, in lizzende polygromearde gisant, oan gruzeleminten. Ek de roubuorden en wapenkasten waarden fernield.
No wreekte him de opfallende boppegrûnske begraafwize fan de Nassau's. Harren fraaie kisten waarden op 16 augustus troch in fan Stapert oanfierde revolúsjonêre mannichte iepenbrutsen. Se fertrapen de tinnen en leaden kisten en namen it materiaal mei om it om te smelten.
Op de troch in foarbygonger opkrige holleplasse fan Marie Louise nei waarden alle bonken yn de wiete kelder smiten.
De kapel waard konsistoarjekeamer en de grêven waarden fergetten. Yn 1841 kaam kening Willem II fan de Nederlannen nei Ljouwert en ynformearde nei de grêven fan syn foarâlden. Doe waard in ûndersyk ynsteld nei de kelder. Neffens it proses-ferbaal wie it lichem fan Marie Louise yntakt en wienen der ek oare bonken yn de wiete kelder fûn[1]. De kelder waard wierre en wite en yn twa nije "groote vorstelijke doodskisten" waarden de oantroffen resten op 'en nij yn de kelder opbierd.
Frjemdernôch liet yn 1878 de Douairière Baron fan Heemstra oan it Nederlânske regear witte dat sy de plasse fan Marie Louise hie. Dy siet by de neilittenskip fan har man yn in swart kistke mei it opskrift "Marie Louise Vorstin van Hessen Kassel Douairière van Frislands zesde Stadhouder Johan Willem Friso, Prins van Oranje enz. enz. enz.". Op it kistke stiene ek har berte, houliks- en stjerdatum fermeld. De Baron hie de plasse yn 1830 fan in Fries krigen.
Minister Heemskerk liet de plasse, wol yn alle stilte, yn de kiste fan Marie Louise sette, mar dêr siet al in holleplasse yn ...
De konsistoarjekeamer wie withoe lang in biezemhok oant it yn 1948 ta gelegenheid fan it jubileum fan Wilhelmina restaurearre waard. It steedhâlderlike poartsje fan it koar waard restaurearre en op de muorre kaam in rekonstruksje, skildere yn griisteinten, fan it monumint fan Willem Loadewyk fan Nassau-Diez. Op de muorren kamen tsien wapenskylden en boppe de kelder waard in grutte houten tombe set. Neffens Emirentia van Heuven-van Nes is dat in earbetoan oan Anna, neffens Cees van Raak is it in senotaaf foar Marie Louise.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fons Klinckhamers yn "Vorsten" maaie 1996
- Cees van Raak, "Funeraire geschiedenis van het huis Oranje-Nassau" Bussum 1995
- Emirentia van Heuven-van Nes, "Monumenten voor Nassau en Oranje", Rotterdam 2004
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grêfkelder fan Oranje-Nassau yn Delft
- Prealgrêf fan Ingelbrecht I fan Nassau
- Prealgrêf fan Ingelbrecht II fan Nassau
Noaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ↑ Tijdschrift voor Geschiedenis, Land- en Volkenkunde, artikel troch H.J.Schouten, 1913.
Dit artikel is noch net folslein. Wa't it oan bysettings ferliket mei it tal kisten en wa't it tal jongferstoarne bern fan de Nassau's mei de opjeften hjir ferliket. sil lakunen ûntdekke. R.P.