Sofia Hedwich fan Breunswyk-Wolfenbüttel
Appearance
(Trochferwiisd fan Sophia Hedwig fan Brunswyk-Wolfenbüttel)
Sofia Hedwich fan Breunswyk-Wolfenbüttel (Dútsk: Sophia Hedwig von Braunschweig-Wolfenbüttel; Wolfenbüttel, 20 febrewaris 1594 - Arnhim, 23 jannewaris 1642), grevinne fan Spiegelberg, wie in dochter fan hartoch Hindrik Julius fan Breunswyk-Lüneburg en Elisabeth, prinsesse fan Denemark. Op 8 juny 1607 troude se Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz, wêrtroch't se ek de titel grevinne fan Nassau-Dietz krige.
By har man krige se njoggen bern:
- deaberne dochter (1608)
- deaberne soan (1609)
- nammeleaze soan (1610-1610)
- Hindrik Kasimir I fan Nassau-Dietz (1612-1640)
- Willem Freark fan Nassau-Dietz (1613-1664)
- Elisabeth (Ljouwert, 25 july 1614 - Ljouwert, 18 septimber 1614)
- Johan Ernst (Arnhim, 29 maart 1617 - maaie 1617)
- Maurits (Grins, 21 febrewaris 1619 - Grins, 18 septimber 1628)
- Elisabeth Friso (Ljouwert, 25 novimber 1620 - Grins, 20 septimber 1628)
Hja is bekend troch it opfallende portret as "caritas" yn de kolleksje fan Ryksmuseum Paleis It Loo.