Paulus Moreelse
Paulus Moreelse (Utert, 1571 - dêre, 6 maart 1638) wie in Nederlânsk skilder, meast fan portretten.
Moreelse wie in learling fan de Delftske portretskilder Michiel Jansz. fan Mierevelt, dy't it wer fan Anthonie fan Blocklandt ûnderwiisd wie. Hy makke in stúdzjereis nei Itaalje, dêr't er in protte opdrachten foar portretten krige. Werom yn Utert waard er yn 1596 lid fan it zadelaarsgilde, en yn 1611 wie er ien fan de oprjochters fan it nije skildersgilde en waard dêr ek de earste deken fan.
Moreelse waard faak frege as portretskilder en krige opdrachten út de hiele republyk. Neist portretten skildere er ek in stikmannich histoarjestikken yn maniëristyske trant, en yn de jierren 1620 makke er pastorale skilderijen fan harders en harderinnen. Hy wie fan deselde generaasje as Abraham Bloemaert en Joachim Wtewael, en krekt as de lêste spile er in wichtige rol yn it iepenbiere libben fan syn stêd. Doe't de kontraremonstranten yn Utert de macht krigen yn 1618, waard er riedslid.
Moreelse wie ek warber as arsjitekt; hy ûntwurp yn Utert de Katarijnepoarte (1626, om 1850 hinne ôfbrutsen) en faaks ek it no noch besteande Fleishûs oan de Foarstrjitte út 1637. Hy joech les oan de Utertske tekenakademy, en hie in protte learlingen, mei as ferneamdste Dirck van Baburen. Op 19 maart 1638 waard Moreelse begroeven yn de Buertsjerke te Utert.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paulus Moreelse fan Wikimedia Commons. |