Histoarjestik

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gustaaf Wappers Antwerpen 1803 - Parys 1874, De selsopoffering fan boargemaster Van der Werff, 1829, Sintraal Museum, Utert
Gustaaf Wappers, De Belgyske Revolúsje fan 1830

In histoarjestik is in skilderij dat in ôfbylding jout fan in bibelsk, mytologysk, histoarysk, allegoarysk of literêr tafreel. Meast giet it om in wurk fan betreklik grutte ôfmjittings, dêr't meardere figueren op ôbylde binne. De term is net fan tapassing op de bibelske skilderijen út de Midsiuwen. Yn de Renêssânse kaam it ôfbyldzjen fan tafrelen út de Aldheid yn de moade. Doe gou it histoarjestik as it heechst berikbere yn de skilderkeunst. Dat bleau sa oant de ein fan de 19e iuw.

Histoarjeskilderkeunst yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Gouden Iuw koe de histoarjeskilderkeunst yn de Republyk fan de Nederlannen trochtocht nimme. De foarnaamste fertsjintwurdiger wie Rembrandt, dy't foaral in protte bibelske tafrelen skildere.

In soad wichtige Nederlânske skilders binne ynspirearre en beynfloede, alteast yn de begjinjierren, troch Italjaanske foarbylden. Kopyën fan Italjaanske masterstikken giene rûn yn de Republyk. Dêrfan waarden beskate kompositoaryske skema's fan ôf sjoen. Ek de behanneling fan ljocht en tsjuster (chiaroscuro), wie foar in part werom te fieren op Italjaanske foargongers, foaral op Caravaggio. De Hollanners soene der sels absolute masters yn wurde. Der waard sels nei Itaalje gien om de orizjinele foarbylden te besjen. De Utertske caravaggisten sa as Hendrick ter Brugghen, Dirck van Baburen en Gerard van Honthorst, foarmen út soarte in skeakel tusken Itaalje en Nederlân.

Histoarjeskilderkeunst yn Belgje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Flaanderen wie yn de 17e iuw Rubens de wichtichste fertsjintwurdiger yn dat sjenre. Hy skildere ûnder oaren in protte mytologyske ûnderwerpen.

Nei de Belgyske opstân yn 1830 hie de jonge naasje in grut ferlet fan in eigen identiteit. De skilderkeunst levere dêrta in bydrage troch ferskillende tiidrekken út de Belgyske skiednis te ferbyldzjen en by it grutte publyk te bringen. De bewenners fan Noard-Galje, troch Julius Caesar Belgen neamd, en mannen as Godfried van Bouillon waarden populêre ûnderwerpen foar Belgyske skilders. De bekendste fertolker fan dizze histoarjeskilderkeunst yn de romantyk wie Gustaaf Wappers, mar ek Louis Gallait, Nicaise de Keyser, Henri of Hendrik Leys en Antoine Wiertz hawwe wichtige bydragen levere.