Julius Caesar
Gaius Julius Caesar, (berne: Rome 13 july 100 f.Kr. yn it stêdsdiel Subara yn Rome, stoarn: Rome 15 maart 44 f.Kr.) wie in Roomsk militêr en steatsman dy't syn spoaren fertsjinne hat mei it stiftsjen fan it Romeinske Ryk. Ornaris wurdt er Julius Caesar neamd. Oare nammen binne Julius, Gaius Julius, Gaius Caesar en Divus Julius. Syn namme ferwiist werom nei it wurd keizer en de moanne july.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei stipe fan de rike Krassus en de súksesfolle militêr Gnaeus Pompeius Magnus (Pompejus) slagge it him yn 59 f.Kr. om yn it konsulaat te kommen. Hy slút in polityk ferbûn, it earste trijemanskip neamd, mei Pompejus en Krassus. Yn de neikommende jierren ferovere er as Prokonsul fan Súd-Galje de rest fan Galje oant de Ryn ta. Yn syn ekspedysje nei Brittanje (Ingelân) bleau it by wat flaggefertoan. Begjin 49 troch de Senaat nei Rome oanbean, luts hy op 10 jannewaris sûnder foarôfgeande demobilisaasje oer de Rubikon (grinsrivier fan Gallia Cisalpina, dus fan syn militêr kommando), in ûnwettige died, dat in steatsgreep ynhâlde. Yn de Romeinske Boargerkriich (49–45 f.Kr.) dy't doe útbruts besette hy yn twa moannen tiid Itaalje. As konsul kaam hy yn 48 yn Epirus oan wâl en fersloech Pompejus by Pharsalus yn Tessaalje (dy't him fan it 'trijemanskip' distansjearre hie), en dy't letter as flechtling yn Egypte fermoarde waard. Caesar oermastere Aleksandrje, mar rekke belutsen yn de troanstriid tusken Ptolemaeus XII en syn suster Kleopatra VII. Hy wurdt de beminde fan Kleopatra en makket har begjin 47 ta keninginne (noch datselde jier wurdt harren soan Caesarion berne). Ûnderwilens yn Rome ta diktator beneamd, ferslaat hy yn in bliksumkriich (veni, vidi, vici) by Zela yn Lyts Aazje kening Farnases fan Pontus.
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As beleanning foar al syn oerwinnings ferkriget Caesar foar 10 jier it diktatorskip. Mar de Senaat koe it net rjocht lykfine mei dat diktatorskip en woe leaver de Romeinske Republyk werom ha. Op 15 maart 44 f.Kr. wurdt Julius Caesar troch goed 60 leden fan de Senaat deadien û.o. Brutus en Kassius. Nei de dea fan Julius Caesar wie de befolking fan Rome dûm omdat se harren lieder krekt ferearen. Nei in soad rebûlje yn it Romeinske Ryk waard Caesars neef en adoptearre soan Augustus Oktavianus yn 27 f.Kr. de earste keizer fan it Romeinske Ryk.